- 14 - De hear Van den Berg seit dat syn fraksje, lykas de oare, sykje wol nei de grutst mooglike sekerheid. Hy jout it kolleezje syn betrouwen oangeande it projekt en de fierdere ütfiering dêrfan. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje yn alle gefallen wol muoite docht om de saken rûnom it kontrakt sa goed mooglik út te sykjen. It is dan blykber foar oare partijen ferfelend dat de fraksje fan de F.N.P. mei sokke dúdlike fragen komt. As syn fraksje saken kritysk besjocht dat docht hy dat omt hy soarch hat foar de gemeente. Hy is der net op út om it kolleezje ûnderút te heljen. Hy wol it kolleezje krekt stipe jaan yn in goede oerienkomst. Hy wiist it kolleezje op de, neffens him, gefaarlike omskriuwing fan ûnfoarsjoene omstannichheden by punt 14. Dizze bepaling levert foardiel op foar Ballast Nedam en risiko foar de gemeente omt Ballast yn guon omstannichheden (ekonomysk net helber) net útfiere hoecht. As hy de tasizzing fan it kolleezje krijt dat dêr en nei oare fragen nochris sjoen wurde sil is syn fraksje in ein hinne tefreden. Dat de eardere FCE stean bliuwt is tige spitich. As der noch wol in oerienstim- ming mei de ûndernimmer komt is dat dus foar rekken fan de ge meente. It soe goed west ha dat der in ferlykjend ûndersyk west wie om de ferskillen te sjen tusken de sitewaasje dat de gemeen te seis it plan útfiere soe en de sitewaas je sa't dy no is. It kin yn elts gefal wol by de evaluaasje meinommen wurde. It tempo fan de wentebou bliuwt foar syn fraksje in soarch. De foarsitter is it folslein mei de hear Van der Baan iens dat it útstel en de oerienkomst kritysk besjoen wurde moatte. De ried moat fanút syn eigen ferantwurdlikheid wei absolút wat sizze oer dizze oerienkomst. As de gemeente seis it plan útfiere moatte soe wie it net bard omt dan de risiko's fierstente grut west wiene. Artikel 14 is yn de oerienkomst setten omt de tiid komme kin dat yn it plan oarssoartige huzen boud wurde moatte as dat de gemeente in oanpassing fan it plan hawwe wol. It is dus net allinne Ballast Nedam dy't belang by dit artikel hat. De wil om ta útfiering fan it plan te kommen is by Ballast Nedam op syn minst sa grut as by de gemeente. As Hiemstra Silobouw aanst wol in oerienkomst hawwe wol mei de gemeente is de sitewaasje wol sa dat it gemeentebestjoer dêr net in kroade mei jild hinnebringe sil. Stel dat de wentemerk ynelkoar klapt dan sil der yn Boarn- sterhim, en dat is op basis fan ûndersykssifers, noch wol troch- boud wurde. As der dan earne noch in hûs ferkocht wurde sil is it yn Boarnsterhim. De fertichting is gjin ûntkommen oan. De ried sil aanst it bestimmingsplan fêststelle. Neist dat bestim- mingsplan komt der om de kwaliteit fan de bou te garandearjen in byldkwaliteitsplan. As der wat foar Nes dien wurde kin soe dat net ferkeard wêze. Yn elts gefal wol it kolleezje dêr noch wolris oer prate. Der is in misferstân oer it sportfjild. It lytse stikje op de kaart flak by it wetter is net it sportfjild. De kosten foar in sportfjild sitte yn it plan. Der sil gjin tiid wêze dat der in gebrek oan in sportfjild is. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje op ûnderdielen beswie ren hâldt. Hy kin wol akkoart gean mei de oerienkomst útsein de ûnderdielen dêr't hy beswier tsjin hat. De foarsitter seit dat riedsleden foar as tsjin dit útstel wêze kinne. N0T16APR.1/0/H/HA1NJEA/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 16