- 2 - De hear Van der Baan ferwachtet yn dizze gearkomste antwurd op de brieven. De foarsitter seit dat dizze brieven by de behanneling fan agen dapunt 11 oan 'e oarder komme sille. Nummer 9: Mevrouw Aukes vindt dat er enig ongenoegen uit de brief spreekt. Dat heeft, denkt zij, te maken met de manier waarop er gesproken is over een aantal zaken. Haar fractie vindt dat het college hiermee op een zorgvuldige manier om moet gaan. Wethâlder De Boer seit dat tagelyk mei de miening fan it doarp it oerlis ex artikel 10 starten is. As alles werom is fan de provinsje komt it kolleezje mei in útstel om in trasee te kie zen. Dat is sa lang duorret smyt de measte ûntefredenheid yn Wergea op. It kolleezje fynt wol dat der soarchfâldich hannele wu'rdt Nummer 10: De hear Veldstra freget oft der al in útspraak is. Nummer 10, 11 en 12: Mevrouw Aukes wil graag verslag in de commissie. De hearen Van den Berg en Van der Baan hawwe deselde winsk. De foarsitter seit ta dat yn de kommisje oer dizze stikken pra ten wurde sil. Nummer 15: Mefrou Santema freget by dit brief ek it brief fan de sport út Grou te belûken. De hear Van den Berg fynt dat it tiid wurdt dat der dúdlikheid komt. De hear Van der Baan fynt dat it stik yn de kommisje behannele wurde moat. De ried hat op dit stuit gjin genôch ynsjoch. Wethâlder Van den Berg seit dat it de ried wol bekind is dat Aldeboarn net yn it plan foar privatisearing meinommen is omt de ferpleatsing fan Knol noch net rûn is. Sadree 't dat it gefal is sil sy wer mei Aldeboarn om 'e tafel. Nummer 19: Mefrou Veldstra seit dat de f 3000,00 dy't no bean wurdt yn skril kontrast stiet mei de eardere tasizzing fan likernôch f 80.000,00. Troch de opstelling fan it kolleezje ûntstiet der in nij probleem. Leppehiem oerwaget de iepenbiere aula út it plan te skrassen. Wethâlder Van den Berg seit dat, foar safier sy wit it gie om in fraach om meifinansiering fan in ynvestearing op it terrein fan Leppehiem. Dêr is op sein dat itjinge op it terrein fan Lep pehiem bart ek foar rekken is fan Leppehiem. Fan bedragen fan likernôch f 80.000,00 kin sy neat weromfine. De oansluting fan it terrein op de gemeentlike wegen wurdt troch de gemeente dien. NOT16APR.1/O/H/HAINJEA/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4