- 5 - De heer Jonkers vraagt of er sprake is van hetzelfde bedrijf als waarover in agendapunt 11 wordt gesproken. De hear Van der Meulen seit dat de tekst net oanpast is en dat is it iennichste probleem. De feroaring wie bekind. Syn fraksje fynt dat de grûn wol oankocht wurde moat. Hokfoar oare bedriuwen hawwe belangstelling? Wethâlder De Boer seit dat it om itselde bedriuw giet as dêr't yn agendapunt 11 oer praten wurdt. It kolleezje hat spitigernôch net alert genôch west om de tekst fan it ütstel oan te passen. Yn de kommisje is al wiidweidich útlis jûn. Der is serieuze be langstelling foar it terrein. Dat is de reden om de grûn wol oan te keapjen. Yn maaie/juny komt de eksploitaasje-opset nei de ried ta. Mefrou Veldstra seit dat der noch genôch grûn, sa'n 8 ha, op Spikerboor leit. Har fraksje bliuwt by de miening dat der earst in eksploitaasje-opset komme moat. Boppedat moat der ek noch boaiemûndersyk dien wurde. De heer Jonkers vindt dat de grond nu wel aangekocht moet worden omdat dit perceel een hiaat is in een ononderbroken industrieter rein. Mevrouw Aukes zegt dat een deel van haar fractie de mening van de fractie van de F.N.P. onderschrijft. Wethâlder De Boer seit dat sy no net yn 'e iepenbierheid de nammen fan de serieuze kandidaten neame kin. Der leit yndied noch mear grûn op Spikerboor mar net alles is yn eigendom fan de gemeente. Ynkoarten komt der in ütstel oer de revitalisearing fan Spikerboor. Der is yn elts gefal net safolle grûn as mefrou Veldstra seit. It is wenst om earst grûn oan te keapjen en pas letter mei in eksploitaasje-opset te kommen. De foarsitter stelt út ta stimmlng oer te gean. Mefrou Aukes seit dat sy en mefrou Santema fine dat der earst in eksploitaasje-opset komme moat foardat de grûn oankocht wurdt. Dêrom sille sy tsjinstimme. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje deselde miening hat. Na gehouden stemming blijkt dat het voorstel met 13 tegen A stem men is aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Santema, L. Veldstra, Aukes en Van der Baan. In het besluit wordt het aantal gekochte m2 veranderd in 17.310. 7. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van verbetering van de toegankelijkheid van het gemeentekantoor voor gehandicapten. De hear Veldstra seit dat syn fraksje it in goede saak fynt dat der wat oan dit probleem dien wurdt. Foar ien kear giet hy der mei akkoart dat it bedrach dekt wurdt út de rinte-opbringst fan de WVG-jilden. NOT16APR.1/0/H/HA1NJEA/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 7