- 7 - 9. Verzoek om planschade ex artikel 49 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 10. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbes luit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Nummer 6: De hear Van den Berg seit dat syn fraksje op himsels gjin beswier hat tsjin in útwreiding fan de hotelakkommodaasje. Hy hat wol in probleem mei de stedeboukundige skets dêr't ek logementsgebouwen op steane, dy't dan brûkt wurde kinne as aparte fakânsjebungalows en dan neat mear fan dwaan hawwe mei de hotelfunksje. Syn fraksje stiet in ûntwikkeling fan fakânsjewenten op dat plak net foar. De hear Van der Meulen fynt it in prima ynisjatyf fan de ûnder- nimmer. Der komt sa in ferlenging fan it seizoen en ek foar de wurkgelegenheid is it in goede ûntwikkeling. De beswieren fan de fraksje fan D66 telle foar syn fraksje net sa swier mei. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje wurdearring hat foar it masterplan. Sa'n sintrum yn Boarnsterhim op dat plak soe prach- tich wêze. De betingsten lizze op itselde mêd as de hear Van den Berg oanjûn hat. Der soe in apart doarp üntstean kinne mei fakânsjewenten en dat is de bedoeling net. De wethâlder hat tasein dat der ôfspraken makke wurde sille mei de ündernimmer sadat der gjin permaninte bewenning plakfynt en dat de appar- teminten yn tsjinst bliuwe fan Oudeschouw. Syn fraksje stiet derop dat de tasizzings opnommen wurde yn it kontrakt. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje dit plan in positive ûntwikkeling fynt. Oudeschouw sjocht kâns in konferinsjesintrum te bouwen en sa'n akkommodaasje is der noch net yn ús gemeente. It kolleezje fynt ek dat it net in doarp op himsels mei per- manint bewenne wenten wurde moat. It moat by de hotelakkom modaasje fan Oudeschouw bliuwe. Dêr is yn de kommisje ek wiid- weidich oer praten. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje net tsjin in üt- wreiding fan de hotelakkommodaasje is. Syn fraksje hat wat misbe- trouwen yn mooglike üntwikkelingen. Syn fraksje bliuwt dan ek by syn stânpunt. Hy is bliid dat it mooglik is dat syn fraksje yn it kolleezje in minderheidsstânpunt ynnimme kin. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje it spitich fynt dat de eigen ynsichten wat tefolle prefalearje. Syn fraksje kin it ütstel stypje. Wethâlder De Boer respektearret de miening fan de fraksje fan D66 Nummer 4: De hear Zij lstra seit dat de ried neidat dit beslüt nommen is, neat mear te sizzen hat oer de bebouwing. Wizigingen sille no oanbrocht wurde moatte. In winkel yn Jirnsum is syn fraksje net op tsjin. Wol hat hy betinkings tsjin hoe't de gevel der út komt te sjen. Hy soe it op priis stelle dat der oerlis is mei de ündernimmer oer it oansjen fan de gevel. N0T16APR.1/0/H/HA1NJEA/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 9