- 9 - ton jiers. Syn fraksje is tsjin it yntegraal brûken fan de algemiene reserve foar bedriuwsfieringskosten. In part moat út de post reserve reorganisaasje betelle wurde en in part troch de beheining fan it syktefersom. Foar de rest fan it jier moat der sjoen wurde nei maatregels op it mêd fan doelmj ittigens en effisjinsje. Wat der dan noch oer oerbliuwt kin dan op kosten fan de algemiene reserve brocht wurde. Syn fraksje jout de grutste prioriteit oan de adekwate üntwikkeling en opbou fan de eigen organisaasje. Twadde punt is dat der in werskikking komt fan de punten yn de maitiidsnota op grûn fan al fêststelde prio riteiten. Der moat in byld komme fan al oangiene en ûnûntkombere ferplichtingsEk moat der noch in prioriteitbepaling plakfine nei oanlieding fan de strategyske wurkkonferinsje dy't de ried hâlden hat. Dan moat der ek sjoen wurde nei de relaas je mei eksterne funding. As léste punt moat der in ôfwaging plakfine fan de kapasiteit fan de amtlike organisaasje en dér tsjinoer it ambysjenivo fan it kolleezje. De hear Van den Berg is ek bliid dat dizze maitiidsnota der no is. De nota is in earste opset en sa besjoen sil syn fraksje de nota dan ek behannelje. Per sektor sitte der grutte ferskillen yn wat der yn de nota stiet, yn dy sin is it noch gjin lykwich- tich útstel. It byld is ek niet folslein. Yn de kommisje is dér ek al oer praten. Syn fraksje tinkt dat der noch hyltiten ferlet is fan in kommunikaasjeplan. Spitich dat oare partijen dan net fine. De winsken en foarnimmens geande de finansjele mooglik- heden fier te boppen. Ek binne der ûnuntkombere ferplichtings, dêr't hy fierders ek net ûnderút wol. By de begrutting foar 1996 hat syn fraksje al oanjûn te stribjen nei in düdlik lykwicht yn it dielnimmen oan grutte ynvestearingsprojekten en it bydragen oan lytse ûntjouwingen, dy't de eigen boargers direkt oangean. Bygelyks it âldereinwurk, it sosjaal-kulturele wurk mar ek it ûntbrekken fan in belied foar doarpshuzen. Hy wol weromhâldend wêze as it giet om it tanimmen fan de lesten foar de boargers. Hy fynt dat tefoaren kommen wurde moat dat de eigen organisaasje te folie linet op eksterne stipe. De moasje fan de V.V.D. wurdt net stipe troch syn fraksje. Syn fraksje nimt deselde posysje yn as de fraksje fan it C.D.A. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje beswie-ren hat tsjin de begruttingswiziging, wêryn de tekoarten fuortwurke wurde. Hy fynt dat ek de eventuele oare mooglikheden besjoen wurde moatte. By de skea oan de wegen fanwegen de strange winter kin der ek fanút in oare gedachte wei riddenearre wurde dat de oplossing socht wurde moat binnen de besteande begrutting. Der leit in foarsjenning fan f 25.000,00 foar de bestriding fan de glêdens. Dy moat dan ek brûkt wurde. As der dan noch ekstra kosten binne giet hy akkoart mei it ütstel. Hy fynt dat it kolleezje te maklik jild frijmakket foar de bedriuwsfiering. Hy is fan betin- ken dat it sykjen fan in dekking yn de pot foar de reorgani saasje in bettere wei is. Foar werving en seleksje wurdt in kapi taal bedrach útlutsen. Hy is fan miening dat it wol mei minder ta kin. Hy stelt út in bedrach fan f 50.000,00 beskikber te stel len. Der wurdt ek frege om eksterne stipe foar de privatisearing fan de sportfjilden. De ried is allang ta de konkluzje kommen dat de privatisearing net helber is. It liket him dan ek ferstan- niger earst te besjen oft trochgien wurde moat mei de privatisea ring foardat der eksterne stipe oanlutsen wurdt. Syn fraksje fynt dat de diskusje yn de ried him fan in finansjeel technysk ferhaal ferlizze moat nei de fraach wat de noeden en soargen fan NOT2105/O/H/BROUWERJ/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 11