- 17 - De hear Veldstra seit dat syn fraksje it tige posityf fynt dat it kolleezje mei de oanpassing fan de feroardening weromgean wol oant 1 april 1994. Mei dizze ferromming yn de feroardening bliuwt it lykwols noch wol in besuniging. Yn'e hjerst soe nochris besjoen wurde moatte oft der noch mear mooglikheden ta ferromming binne. Syn fraksje fynt dat "algemien gehandikapten- belied" wat ûndúdlik is. Wat wol it kolleezje eins krekt? As dat belied bygelyks ek jilde soe foar it flak meitsjen fan trottoirs as foar toiletfoarsjennings dan giet dat him te fier. Hy wol it tichter by de boarger hâlde. Hy stelt út yn it beslút it wurd "algemeen" fuort te litten en dêrfoar yn it plak "nader vast te stellen" te setten. De hear De Jager seit dat it Wvg-belied yn ús gemeente hoeden en foarsichtich ynsetten is. No kin bes letten wurde de skerpe kantsjes derôf te heljen. Dit stimt ta tefredenheid en tsjûget fan in goed belied. De hear Van der Baan seit dat it wol bekind is dat syn fraksje net sa bliid is mei it fierde handikaptenbelied. Hy fynt yn it foarste plak dat de regeling bedoeld is foar yndividuele help oan handikapten. De sitewaasje foar handikapten moat sa wêze dat se sa selsstannich mooglik wêze kinne. Dat ütgongspunt sil ek yn it gemeentlik belied nei foaren komme moatte. Dat easket in finansjele ynspanning. Yn de rin fan de tiid hat it regear de wet oanpast, der hawwe grutte besunigings west en foar in protte handikapten betsjutte dat dat se yn in folslein oare sitewaasje, somtiden de bystân, telâne kamen. Dat is hielendal yn tsjinstel ling mei de gedachte dat handikapten sa selsstannich mooglik wêze moatte. As jo handikapt wurde as al binne dan mei dat gjin ynfloed hawwe op de sitewaasje sa't dy earder wie. Yn dizze rege ling wurdt rekken hâlden mei it ynkommen fan de minsken. Dat betsjut dus as jo handikapt binne dat jo finansjele posysje ûndermine wurdt. Hy giet de wizigings bylâns. Mei de punt 1 en 2 giet syn fraksje akkoart. Wente-oanpassings (punt 3) hearre hie lendal subsidiearre te wurden en dat heart gjin kwestje fan ynkommen te wêzen. Punt 4 kin neffens him ek ferfalle. By punt 5 freget hy oft in handikapte seis beslute kin hoe't hy syn ferfier regelje kin. In rojalere bydrage foar ferfierskosten soe der komme moatte ek wat de autokosten oanbelanget. Hy konstatear- ret dat it kolleezje der lang net yn slagge is te beantwurdzjen oan itjinge syn fraksje ûnder in goed handikaptenbelied fers- tiet. Hy sil wol akkoart gean mei wat der útsteld wurdt, mar fynt wol dat it oars moat. As jo in protte jild oerhâlde kin der dochs net fan in yndividuele reserve praten wurde. Benammen hat hy beswier tsj in de formulearing fan punt 2 fan it útstel. It Wvg-platfoarn hat ferline jier july om f 200,00 frege en hat noch nea antwurd krigen. Hy hopet dat it jild dat yndividuele handikapten takomt net brûkt wurde sil foar algemien belied. Op dat punt is syn fraksje falikant tsjin it útstel. Wethouder Van den Berg zegt dat een brede groep het algemene gehandikaptenbelied zal invullen. De groep zal het woord "alge meen" in kunnen vullen zonder dat daar een oordeel aan vooraf is gegaan. Misschien zou het goed zijn dat de heer Van der Baan zijn kennis inzet voor de ontwikkeling van het gehandikapten- beleid. Zij vindt het geen goede suggestie in dit kader te spre ken van "nader vast te stellen" beleid omdat het dan duidelijk niet meer gaat om een algemeen gehandikaptenbeleid. De heer Van der Baan is nu absoluut niet te spreken over het gemeentelijke NOT2105/O/H/BROUWERJ/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 19