- 4 - van BMC. BMC levert aan Boarnsterhim uitzendkrachten, interim- management en treedt op als onafhankelijk adviseur. Kijkend naar de beroepsethiek van de onafhankelijke organisatie-adviseur is deze combinatie eigenlijk niet acceptabel. De hear Van der Baan seit dat hy réagearje sil op it riedsütstel en net op de notysje fan BMC omt dy net meielkoar yn oerienstim- ming binne. Punt 3, de opheffing fan in tal reserves en foarsjen- nings, giet syn fraksje mei akkoart ütsein de pontbetsjinning Bird en de brêgebetsj inning Hearrensyl. Pas as oer de pont nei de Bird in beslüt nommen is wol hy oerwage de reserve op te hef fen. De reserve foar de Hearrensylsbrêge moat bestean bliuwe om it ûnderhâld út de betel jen. De punten 4 en 6 giet syn fraksje mei akkoart. Mei it fersterkjen fan de reserve wurkgelegenheid kin hy net ynstimme omt der in grut ferskil yn ynterpretaasje bestiet tusken wat it kolleezje en wat syn fraksje dêr ûnder ferstiet. Syn fraksje folget Gemeentebelangen 2000 yn syn ütstel om de priisyndeks foar wurknimmersgesinnen fan it CBS te hantear- jen. Oangeande punt 8 fynt syn fraksje dat de ried elts jier op 'e nij dêr in ütspraak oer dwaan moat. Hy is fan oardiel dat de algemiene reserve te heech komt te lizzen mei fanwegen de hege belestingdruk yn Boarnsterhim. Der is neffens de notysje noch in ferplichting foar it fereveningsfûns sosjaal-kultureel wurk. Om hokfoar ferplichting giet it dan? Syn fraksje fielt der foar it sosjaal-kulturele wurk oer te bringen nei de bestimmingsreserve omt der op dat mêd noch wol it ien en oar te dwaan is. De hear Van den Berg seit dat de nota in helder en düdlik byld jout fan alle reserves en foarsjenningsDe ütstellen slute wol goed oan op de ütgongspunten dy't steld binne. De reserves en foarsjennings moatte allinne bestean bliuwe as se in doel tsjinje. Yn grutte halen kin syn fraksje mei de ütstellen yn stimme. Oangeande punt 5, dêr't hy ek wol mei akkoart giet, wol hy graach, krekt as guon oare fraksjes, dat der noch in kear oer de ynhâld fan it te fieren belied diskussiearre wurdt. Hy fernimt graach fan it kolleezje oft de priisyndeks fan it CBS oanhâlden wurdt. It rekkeningsrisseltaat sil elts jier oan de ried foarlein wurde en dan sil de ried dêr in beslüt oer nimme moatte. Sa ynterpretearret hy punt 8 fan de oanbefellings. Hy kin him net oan de yndruk ûntlûke dat de finansjele posysje fan Boarnsterhim noch net sa min is. It giet der neffens him om dat de beskikbere middels sa effektyk mooglik ynsetten wurde. By de maitiidsnota en it feststellen fan de begrutting moat der nochris sjoen wurde nei de hichte en de stân fan de reserves. Dan kin ek besjoen wurde oft der noch romte oer is om winsken fan de ried te honorearjen. Hy is der mei ynnommen dat by guon riedsütstellen, sa as hy earder frege hat, de stân fan de fûnsen oanjûn wurdt. De foarsitter betanket de sprekkers foar de wize wêrop sy it ütstel beneiere hawwe. Hy konstatearret dat der hjir en dêr noch nuances binne yn hoe't der mei de reserves omgien wurde moat. Der binne talleaze reserves dêr't de ried net oankomme kin omt de rinten brükt wurde foar de dekking fan de begrutting. It kolleezje stelt út de reserves dy't gjin helder doel hawwe op te heffen en dy oer te bringen nei de algemiene reserve. Guon rieds- leden wolle earst de notysje wurkgelegenheid hawwe foardat der in stoarting yn it fûns plakfynt. De ried lykwols hat al earder sein dar de wurkgelegenheid in spearpunt is fan it gemeentlik belied. Dêrom fynt it kolleezje dat stoarting yn it füns op dit NOT2105/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 6