- 5 -
stuit wol kin. Aanst, as de notysje der is kin der en detail
praten wurde oer hokfoar doelen it wurkgelegenheidsfûns foar
brûkt wurde sil. Der wurdt no nochal wat jild blokkearre yn de
reserves. Dat byld is net winsklik. Yn de notysje wurdt dat ek
sa sein. Der moat aanst in plan komme om de dekkingsreserves
fuorthelje te kinnen. It docht him deugd dat de ried dat doel
stipet. Oer de ôffalferwurking en de kostenbehearsing ferskilt
it kolleezje net fan miening mei wat mefrou Aukes dêr oer sei.
It kolleezje wol in sa effisjint mooglik bedriuw meitsje. Gear-
wurking mei oare gemeenten leit dan ek foar de hân. De skaal
wêrop is in tige nijsgjirrich punt. Der komt in omslachmomint
wêrop gruttere ferbannen djoerder wurde. Ried en kolleezje sille
dat goed yn 'e gaten hâlde moatte. It komt foar dat miljeudoel-
stellingen stridich binne mei de kosten foar de boargers. De
ried sil dan in ôfwaging meitsje moatte. Dy kar klemt mear as
der al in foarse belestingdruk is. Op dit momint kin der net in
bestegingsplan makke wurde foar de Hearrensylsbrêge en foar de
pont nei de Bird. De ynstelling fan dy reserves ferdraacht him
net mei de hjoeddeistige sitewaasje. Dêrom stelt it kolleezje
foar de reserves oer te bringen nei de algemiene reserve. Dy
algemiene reserve: kin de ried better oer beskikke. It kolleezje
mient dat de pot mûnen ferbrede wurdt mei de monuminten sadat de
ried in kar meitsje kin as dat sa útkomt. No koene allinne mar
de mûnen dêr út betelle wurde. Yn it ramt fan it finansjeel
belied sil it positive rekkeningsrisseltaat yn de algemiene re
serve stoarten wurde moatten. Fan dy post hat de ried seis de
kaai yn hénnen. De ried sil ek kear op kear dêr seis in beslüt
oer nimme moatte. De finansjele posysje fan de gemeente is op
dit stuit wol aardich, mar it kolleezje is fan betinken dat in
legere algemiene reserve net goed wêze soe omt der yn ús gemeen
te noch hiel wat barre moat, ek op oantrúnjen fan de ried. De
ried sil him wol ôffreegje moatte wêr't krekt de grins leit. It
belestingnivo leit (te) heech. Dat sil ombûgd wurde moatte nei
in stabilisaasje en mooglik in ferleging fan de tarieven. De
ried kin it kolleezje oan dit stribjen hélde. It is dan lykwols
hiel ferstannich in algemiene reserve te hawwen dêr't romte yn
sit om winsken, bygelyks de plannen dy't oanmelden binne foar in
5B-subsydzje, fan de ried út wei te finansierjen.
Hy seit ta dat der in belied ûntwikkele wurde sil oangeande de
dekkingsreserves
It kolleezje seit ta dat de CBS-yndeks foar wurknimmersgesinnen
hantearre wurde sil. It kolleezje is tige tefreden oer it wurk
fan BMC. Hy tinkt dat der net sprutsen wurde kin fan belangen
dy't trochelkoar hinnerinne. Foar it sosjaal-kulturele wurk
kiest it kolleezje foar in selde beneiering as foar de pont en
de Hearrensylsbrêge.
De hear Roorda konstatearret dat syn fraksje op deselde line sit
as it kolleezje. Wurkgelegenheid is en bliuwt in spearpunt fan
belied. Hy hat der alle betrouwen yn dat it kolleezje goed mei
dat spearpunt omgean sil.
Mevrouw Aukes bedankt de voorzitter voor de beantwoording van de
vragen. In tegenstelling tot de P.v.d.A.-fractie zit haar frac
tie niet helemaal op dezelfde lijn als het college. Zij blijft
van mening dat er eerst een notitie over het werkgelegenheidsbe
leid moet komen alvorens er een storting in het werkgelegenheids-
fonds wordt gedaan. Zij hoopt dat het college wat doet met de
actuele gegevens over samenwerking ten behoeve van de afvalver
wijdering. Het ophalen van de melkpakken had, en dat was op voor-
N0T2105/0/H/BR0UWERJ/5