- 10 - De hear Oosterhof hat sjoen de grutte belangen fan bedriuwen muoite mei dit tariedingsbeslút. Syn fraksje wol graach be- slütfoarming yn* e ried hawwe. Mei artikel 19, lid 3 fan de Wet R.0. wurdt, dat wit syn fraksje wol, in hiele soad op slot setten en dat wol hy leaver ek net. Kin der gebrûk makke wurde fan artikel 19, lid 3 foar dit spesifike gefal as kin dat net. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje dochs fraachtekens hat by de sin fan dit tariedingsbeslüt. Oan'e iene kant wol hy dyjingen dy't in bou-oanfraach yntsjinne hawwe dat krekt net binnen it bestimmingsplan fait net foar de fuotten rinne. Oan'e oare kant hat de ried noch gjin beslút nommen oer it bestim mingsplan. Syn fraksje kin lykwols ynstimme as it kolleezje taseit dat de noch te bepraten diskusjepunten earst yn'e ried bespruten wurde. De foarsitter seit dat it foarûntwerp fan it bestimmingsplan bûtengebiet op besjen lein hat. Nei de simmer sil de réaksjenota yn de kommisje behannele wurde. Dan wurdt it bestimmingsplan mooglik oanpast. Dêrnei komt it plan wer 4 wiken op besjen te lizzen. Beswieren wurde dêrnei wer ferwurke en it plan giet dan fia de kommisje nei de ried foar de fêststelling. Dat trajekt sil yn desimber/jannewaris ôfrûne wurde. Oanslutend giet it plan nei de provinsje foar goedkarring. Om ûntwikkelingen dy't passé binnen it belied net te frustearjen wol it kolleezje dit tarie dingsbeslüt nimme. It kolleezje wol seker yn omstreden punten de ried net bûtenspul sette. Grutte, wichtige saken sille yn de ried behannele wurde. Der is in projektgroep steande-mêst-rûte, dy't yn jannewaris mei ütstellen komme sil. Lt alternatyf fan de hear Jonkers sil dêryn meinommen wurde. It nij'e bestimmingsplan foar Yn'e Lij te is noch net klear. Dêrom wurdt der op 'e nij in tariedingsbeslüt nommen wêrfan't de begrinzing fan it gebiet krekt wol wat oars wêze kin. Alle besluten dy't nommen wurde oangeande dizze bestimmingsplan- nen sille oan de kommisje meidield wurde. Artikel 19, lid 3 set tefolle op slot. Artikel 19, lid 3 tapasse foar ien gefal is net mooglik. Dêrom wol it kolleezje dy wei net gean. De hear Van den Berg wol graach dat oan de hear De Jong skrift- lik meidield wurdt hoe't de ried oer syn brief tinkt. Mefrou Veldstra tinkt dat it ünderskied tusken lytse en grutte saken net maklik oan te jaan is. Dêrom bliuwt har fraksje by syn miening. De foarsitter seit ta dat oan de hear De Jong de essinsje fan de beslütfoarming meidield wurde sil en dat hy in kopy fan de ferslachlizzing fan dit punt krije sil. De steande-mest-rûte sil net foar it fêststellen fan it bestim mingsplan bûtengebiet oan 'e oarder komme. Sy seit ek ta dat yn de kommisje W.W.M. de besluten oan'e meidield wurde. De grutte punten komme fanselssprekkend yn de ried. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Mevrouw Veldstra krijgt aantekening geacht te worden tegen het voorstel te hebben gestemd. 9 NOT2506/O/H/BROUWE1U/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 12