- 12 - De hear Van der Meulen is net tefreden mei it antwurd. It moat foar de gemeente by ditsoarte fan oanfragen dochs dúdlik wêze wa't de eigener is. As in partikulier wat wol fan de gemeente en hy it ûntwerp-bestimmingsplan ûntwikkelet kin der ek bést oer de rânebetingsten praten wurde. De heer Jonkers vraagt het college in de onderhandelingen met de eigenaar over onder andere bovenwijkse voorzieningen de f 16.000,00 te verdisconteren. Dat is niet meer dan terecht nu de ondernemer groot belang heeft bij dit bestemmingsplan. Mevrouw Veldstra seit dat har fraksje tsjin it ütstel bliuwt. It is frjemd dat der in kredyt foar in partikulier belang útlutsen wurdt wylst net bekind is wa't eigener fan de grûn is. De hear Van den Berg leit de sitewaasje sa út dat der tusken De Mar en de üntwikkeling fan in bestimmingsplan Ni je Boarnsterdyk gjin ferbiningen en dus ferplichtingen sitte. Hy kin him yntinke dat de gemeente seis de üntwikkeling fan it bestimmingsplan yn hénnen hélde wol. Kostenferrekkening as in partikulier in grut belang hat liket him wol foar de hén lizzen. Hy fynt dat der wol in tuskentiidse ynventarisaasje fan de bestimmingen op de fer- skate lokaasjes komme moat. De hear Oosterhof seit dat yn de struktuerfisy by it carpoolplak in horeca-funksje projektearre stiet. No komt de gedachte om by de Nije Boarnsterdyk in horeca-kantoarfunskje del te lizzen. Dy winsk komt by in oanbelangjende partikulier wei. Neffens him hat de gemeente op dy lokaasje gjin grun yn eigendom. Yn de sletten gearkomste is düdlik wjurden dat De Mar eigener is fan de grûn. Syn fraksje is dêrom ts'jin dit ütstel. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. De foarsitter seit dat yn de ûnderhanneling de meifinansiering fan dit ûntwerp-bestimmingsplan behelle wurde sil. Sy seit ta dat yn de kommisje ferteld wurde sil wa't eigener fan de grûn is. Geandewei de üntwikkeling sil mei de kommisje oerlein wurde. De hear Van der Meulen leit in stimferklearring óf. Syn fraksje is net tsjin it Ontwikkeljen fan dit bestimmingsplan mar hy fynt dat dat net earder barre moat as dat de oanbelangjende ek de eigener fan de grûn is. De heer Jonkers legt een stemverklaring met dezelfde strekking als die van de fractie van het C.D.A. Dó foarsitter seit dat it bedriuw De Mar Houtconstructies eige ner fan de grûn is. Sy kin net de garénsje jaan dat de f 16.000,00 werom te foarderjen as te ferrekkenjen is. Vervolgens wordt tot hoofdelijke stemming overgegaan. Na gehouden stemming blijkt het collegevoorstel met 10 tegen 6 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Santema, L. Veldstra, Aukes, Jonkers, Oosterhof en Postma. N0T2506/0/H/BR0UWERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 14