In de volgende commissie AZW hoopt zij daarover meer te kunnen meedelen. Nummers 12 en 13: Mefrou Veldstra freget oft dizze réaksjes ek ferwurde binne yn it ûntwerpbestimmingsplan. Der is ek sa'n soarte skriuwen kaam fan doarpsbelang Warten. Dat stiet lykwols net op de list fan ynkommen stikken. De foarsitter seit dat allinne de brieven dy't oan de ried rjochte binne op de list fan ynkommen stikken komme. Alle réak sjes op it foarûntwerp wurde meinommen yn de réaksjenota. Nummer 16: De hear De Jager bringt de tasizzing dy't dien is yn it omtinken fan it kolleezje. Syn fraksje wol graach dat der goed oerlis mei dizze famylje fierd wurdt. Wethouder Van den Berg zegt dat toe. Nummer 17: De hear Van der Baan seit dat der noch regelmjittich ûngeregeld- heden foarkomme. Hy wiist derop dat de ferljochting jûns om âlve oere al ütgiet. Dat soe eins letter moatte. Hy freget oft it ek oanbefelling fertsjinnet dat partikuliere organisaasjes by de befeiliging ynskeakele wurde. De foarsitter seit dat der yn de kommisje AZW wiidweidich praten is oer de oerlêst. It kolleezje bliuwt yn oerlis mei de horeka en de plysje. De ried sil fia de kommisje AZW op 'e hichte hâlden wurde. Der sil yntern besjoen wurde hoe't it krekt mei de ferljochting yn Grou sit. Nummer 19: De hear Van der Meulen wol graach dit brief yn de kommisje behannelje by it besprek oer it jierferslach VOGM 1995. Wethouder Smittenberg zegt dit toe. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat boargemaster Dijkstra behindere is de gearkomste by te wenjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. Voorstel tot benoeming directeur (nieuwe) basisschool te Wergea. Mefrou Veldstra is tige ynnommen mei de foardracht. Sy winsket it skoalteam in protte sukses. Mefrou Santerna slút har by dizze wurden oan. Wethouder Smittenberg kan zich volledig aansluiten bij de woor den van de dames Veldstra en Santema.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4