Toelichting: de V.V.D.-fractie gaat uit van kostendekkende tarie ven voor de reiniging. In 1995 was er sprake van meer dan dat. Dat door de burgers teveel opgebrachte reinigingsgeld moet naar diezelfde burgers terug. Dat kan praktisch afgehandeld worden door bij de eerstvolgende aanslag in 1997 het teveel betaalde bedrag te verrekenen. De hear Postma seit dat it giet om in formele fêststelling fan de jierrekken. Wa is de gemeenteried om him net te konformearjen oan de accountantsferklearring. Ynteressanter is it om in relaas- je te lizzen tusken de ütgaven en de dêrfoar útfierde prestaas- jes. De ôfdieling finansjes fertsjinnet in komplimint foar it hyltiten betiider klearkrijen fan de jierrekken en de oersicht- like taljochting, mar it kolleezje bliuwt benefter om in krekte relaasje te lizzen tusken de priis en de prestaasje. Syn fraksje freget oft it kolleezje hjir noch mei komt en wannear dan. Prate oer in foardielich risseltaat is dan ek neatsizzend. It jout earder oan dat it kolleezje yn 1995 in ûnfoldwaande lykwicht realisearje koe tusken ynkomsten en ütgaven en de prestaasjes dy't dêr by hearre. Hy konstatearret ek dat de belestingtariven heech binne wylst de prestaasjes net folslein binne. De accoun tant hat krityske kanttekenings set yn syn ferklearring. Saken as de fierdere perfeksjonearing fan de administrative organisaa- sje, in ûnfolsleine ferantwurding fan de baten, rjochtstreekse tafoegingen oan de reserves en foarsjennings en it ynfieren fan maatregels om oan de easken fan doelmjittigens en rjochtmjit- tigens te foldwaan. It net trochberekkenjen fan de yndirekte kosten oan bygelyks it grünbedriuw hat hy ferline jier al oan de oarder stelt. Hy hat doe de tasizzing krigen dat dat yn 1995 barre soe. Dat is spitigernôch lykwols net bard. De accountant konstatearret ek dat der bedriuwsekonomysk by de ôfskriuwings ûnferantwurde terminen hantearre wurde. De yn 1994 foar it haven front beskikber stelde middelen binne opnommen as ymmaterieel aktyf en in ôfskriuwingstermyn fan 15 jier. Wylst de accountant seit dat dy termyn wol ferlengd wurde kin mei 10 jier. Syn fraksje freget him óf oft dizze ynvestearing gjin kapitaals- ferneatiging is. Hy hat muoite mei it goedkarren fan kosten as de prestaasje dy't dêr tsjinoer stiet net toetst is. Syn fraksje freget oft it kolleezje de krityk fan de accountant dielt en wat docht it kolleezje mei dy krityk. Hy freget him ek óf wat de effekten binne fan de maatregelen dy't nommen wurde moatte om de balans te sanearjen. Komt it kolleezje foar de ein fan it jier mei üstellen nei oanlieding fan de accountantsferklearring. Nef- fens him krikt it kolleezje no de reserves op en oer in tal jierren sille dêrtroch de lésten stige. Foar syn fraksje is dat ûnakseptabel. Syn fraksje kin ynstimme mei alle punten fan it beslút ütsein punt 5. Dêryn stipet hy de fraksje fan de V.V.D. Hy fynt it ûnakseptabel dat der sa stikemwei wurke wurdt oan it opkrikken fan de fermogensposysje. De hear De Jager seit dat op side 2 fan de accountants ferklear ring in opfallende konklüzje stiet. De jierrekken is net in spesifyk oerheidsferslach mear mar stiet tichter by it be- driuwslibben. It saldo fan krapoan 3 miljoen is fansels wol in momintopname en kin flattearre wêze troch ünder oaren de ris- seltaten fan it grünbedriuw en de Wvg. - 4 - NOT2506/0/H/BROUVERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 6