- 7 - Hy bringt it kolleezje te binnen dat yn de riedsgearkomste fan oktober 1994 oer it projektmanagement foar it Wetterfront sein is dat de kosten foar it projektmanagement en de ko-finansiering kompensearre wurde sille troch hegere ynkomsten en de effekten op de wurkgelegenheid. Ek is sein dat ûndersocht wurde sil oft de kosten fan it projektmanagement ûnderdiel ütmeitsje kinne fan de subsidiabele projekten. Ek fûn it kolleezje dat it bedriuws- libben it projektmanagement meifinansiere moast. Syn fraksje fynt dat de kosten fan it projektmanagement aktivearre wurde moatte as ymmaterieel aktyf, óf te skriuwen yn 15 jier omt der gj in ynsjoch is yn de prestaasje dy't foar dit bedrach levere is. It liket him ta dat it projekt Wetterfront as in kaartehûs ynelkoar sakket en dat de ferhâlding priis-prestaasje fier te sykjen is. Syn fraksje kin wol ynstimme mei de jierrekken mar makket in foarbehâld oangeande it Wetterfront. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje oer it léste punt itselde tinkt as de fraksje fan Gemeentebelangen. Syn fraksje stipet de moasje fan de V.V.D. Hy fynt it frjemd dat it kol leezje net it tefolle weromjaan wol oan'e boargers. As der jmdied sa as de wethâlder seit in dip komt, wurde dus de boar gers dûbeld pakt. It ütgongspunt fan kostendekkendheid moat suver en krekt tapast wurde. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje it ynisjatyf fan de fraksje fan F.N.P. foar in petear tusken ried en accountant wol stypje kin. Hy hat de yndruk dat de kostendekkendheid fan de reinigingsrjochten noch net hielendal helle is. Syn fraksje kin dêrom en ek om gjin jo-jo-effekt te feroarsaakjen de moasje fan de V.V.D. net stypje. Ynstee dêrfan giet hy jm 'e pleit foar in saneamd egalisaasjefûnS wêryn oerskotten en tekoarten opnommen wurde. De hear Roorda seit dat hy in fraach steld hat oer de hichte fan de bedriuwsreserve foar it Grûnbedriuw wêrop hy gjin antwurd krigen hat. Ek syn fraksje stipet it ynisjatyf foar in petear mei de accountant. Alhoewol't syn fraksje gjin foarstanner is fan fûnsen en potsjes kin hy yn dit spesifike gefal wol ynstim- men mei it ütstel fan de D66 foar in egalisaasje- as skom- melfûns. Dat is sjoen it stribjen mei in stabyl en konstitent belied te ferkiezen boppe de moasje fan de V.V.D. De foarsitter slüt om 21.25 oere tydlik de gearkomste foar oerlis yn it kolleezje. Sy weriepenet de gearkomste om 21.45 oere. Wethouder Van den Berg proeft uit de woorden van mevrouw Aukes enige scepsis ten aanzien van het streven van het college naar belastingverlaging. Het college vindt dat vorig jaaar het moge lijke is gedaan door de aanslag reinigingsrechten structureel met f 13,00 te verlagen. De zaken die door de heer Postma zijn aangeroerd zullen op de bestemde plek worden meegenomen. Het is niet de intentie van het college "meenemen" als vrijblijvend te beschouwen. N0T2506/0/H/BR0UWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 9