- 4 - Wethouder Smittenberg zegt dat de opmerkingen van de raad seri eus in het collegevoorstel betrokken zullen worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Mededelingen. Underdiel A: Mefrou Veldstra seit dat opmerkings fan de ried oer dizze list gjin inkelde wearde hawwe. It foech ta ferkeap is oerdrûgen oan it kolleezje en it kolleezje hat sadwaande gjin goedkarring fan de ried nedich. Har fraksje giet, omt der faken fragen binne oer de ferkeapen, der foar yn 'e pleit it foech wer oan de ried te litten. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje fynt dat it foech ta ferkeap net werom moat nei de ried. Se seit ta dat der in notysje komme sil oer it ferkeapbelied. Nummer A.14: De hear Oosterhof seit dat syn fraksje beswier makket tsjin dizze ferkeap. Yn de foarige riedsperioade is der bestjoerstwang tapast om de omjouwing skjin en kreas te krijen. Boppedat hat hy beswier tsjin de ferkeap fan de grûn as grienstreek. Syn fraksje fynt ek dat de priis te leech steld is. As it aanst ta rekonstrúksje fan de Galamaleane komt is it net ferstannich grûn te ferkeap jen dy't jo dan nei alle gedachten nédich hawwe. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje, as it giet om grien dat net essinsjeel is foar in wyk, ree is dat grien te ferkeap jen. Yn dit gefal wurdt in lyts stikje ferkocht dêr't gjin boaten ensafuorthinne op setten wurde sille. De rest bliuwt fan de gemeente. It konflikt mei de hear Van der Meulen is al foardat de Ried fan State ütspraak dien hat yn goed oerlis oplost. Underdiel B: De hear Van der Baan seit dat it rapport behoarlik negatyf en ferneatigjend is oer it belied. Hy fynt it in minne saak dat de ried net op 'e hichte steld is. Hy is ek slim teloarsteld oer it antwurd fan it kolleezje sa as dat yn dizze meidieling jûn wurdt. Syn fraksje fynt dat it ferslach fan it petear fan 4 july oan de ried tastjoerd wurde moat sadat it ferslach en it rapport troch de ried behannele wurde kinne. Wethouder Smittenberg is verbaasd over de uitvoerige verhande ling en vraagstelling van de heer Van der Baan. Het rapport heeft ter inzage gelegen voor de commissie WWM. In de commissie heeft elke fractie de gelegenheid gehad te reageren. Er zijn intussen twee controleurs in dienst genomen om de controle-ach terstand weg te werken. De hear Van der Baan seit dat it ferslach ein augustus nei it kolleezje tastjoerd is. Hy hat heard dat ek nei it petear fan 4 july it advys fan de ynspeksje negatyf bliuwt. Hy fynt dat de ried ferslach fan de gearkomste fan 4 july hawwe moat om in goed oardiel te jaan. Yn dizze meidieling wurdt in oare suggestje wekt as dat wat de ynspeksje oan him meidield hat. Hy fynt it spitich dat de wethâlder sa nonchalant réagearret op wat yn feite in negatyf advys is. NOT0309/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 12