- 5 - De foarsitter betreuret it dat de hear Van der Baan no al ta in oardiel komt oer it miljeubelied fan it kolleezje. Boppedat lûkt hy de wurden fan it kolleezje yn twifel. De hear Van der Baan seit dat hy no net ta in oardiel komt. Dat -eil hy net earder dwaan as dat it ferslach fan 4 july binnen is. Wethouder Smittenberg zegt toe dat het verslag van de bespreking van 4 juli zodra het binnen is ter kennis gebracht zal worden van de raad middels de commissie WWM. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4. Voorstel tot het vaststellen van de Regeling inzake het ver strekken van ambtelijke bijstand aan de leden van de gemeente raad. Mevrouw Aukes zegt dat het haar fractie tegen de borst stuit dat er extra regels komen voor het verkrijgen van inlichtingen van het ambtelijk apparaat. Zo gaat alle spontaniteit weg. Zij pleit er daarom voor de werkwijze te laten zoals die nu is. De hear Postma seit dat syn fraksje it op himsels goed fynt dat der spulregels foar de amtlike bystân fêstlein wurde. Hy konsta- tearret lykwols dat de amtlike tarieding fan de riedsútstellen yn it tal gefallen noch ûnfoldwaande is. Ek binne de stikken dy't op besjen lizze faak net folslein. It kolleezje betsjinnet him yn guon saken by de beantwurding fan fragen fan langtriede- rich taalgerûk. Dat twingt de ried derta om ündersyk yn te stel len. Spulregels derfoar te meitsjen sit ek in risiko yn. Spulre gels kinne betsjutte dat der foar de riedsleden filters yn de ynformaasjefoarsjenning ynboud wurde. De ried kin sadwaande ûnfoldwaande kontrole op it wurk fan it kolleezje ütoefenje. It moat neffens him folslein dúdlik wêze dat de ried alle ynformaas- je krije kin dy't hy hawwe wol. Artikel 6 liket him dan tsjin- stridich ta omt de ried no krekt it kolleezje kontrolearje moat. De hear Van der Baan seit dat it hjir giet om in wetlike rege ling dy't ek net kolleezje-partijen in ynstrumint yn hannen jout om ynformaasje en amtlike bijstân óf te twingen. Yn hoefiere is it needsakelik om dizze regeling fêst te stellen? De Wet Iepen- bierheid fan Bestjoer wurdt bijgelyks net yn'e taljochting neamd. Op himsels hat hy tsjin dizze regeling gjin beswier. De útlis fan de foarsitter oer artikel 2 fan it reglemint is him yn it ferkearde kielsgat sketten. De foarsitter sei dêr dat de ried ynformaasje freegje moat by de gemeentesiktaris. Yn de regeling stiet der it wurdsje kin. Hij is sa frij om füneminteel mei de foarsitter fan miening te ferskillen. Syn fraksje fynt dat rieds leden it rjocht hawwe om ek fia oare kanalen oan ynformaasje te kommen. Riedsleden meie net beheind wurde yn harren taak it wurk fan it kolleezje te hifkjen. De foarsitter seit dat der yn de kommisje al wiidweidich oer dizze regeling praten is. De ried moat seis útmeitsje hoe't it rjocht dat yn artikel 33 fan de Gemeentewet stiet ynfold wurdt. Dat dy regels der ek komme is ófpraat yn'e troch de ried fêst- stelde organisaasjeferoardening. It is net sa dat de ried allin- ne it wurk fan it kolleezje kontrolearje moat. It kolleezje fiert ommers it belied dat troch de ried makke is út. Der binne gjin drompels foar it krijen fan ynformaasje foar de ried. Dat NOTO309/O/H/BROUVERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 13