- 8 - De hear Zijlstra seit dat earder sjoen is oft it foar dit hoekje fan Grou ek mooglik is duorsume wentebou ta te passen. It is de bedoeling dat dy mooglikheid der ek komt en is it dan ek wins- klik de wurkgroep dy't him dwaande hâldt mei duorsume bou by de plannen yn te skeakeljen? De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. Hy drukt it kolleezje mei klam op it hert de sjochwize oangeande de bygebouwen te hanthavenjen De hear Van den Berg seit dat it kolleezje troch dit plan befoar- derje woe dat dizze wyk der ek estetysk knap ütsjocht. It hie goed útpakke kind as der gjin ûntsnappingsmooglikheid west wie wêrtroch der allegear sketten delsetten wurde kinne dy't it oansicht fan de wyk wol deeglik fersmoargje. De byldkaart fol- docht dus net hielendal oan de ferwachtingsHy stiet der op oan om yn 'e takomst nochris goed te sjen oft der ek ferbetteringen dêryn oan te bringen binne. Mefrou Veldstra seit dat ek hjir bliken docht dat de gemeente fersomme hat op 'e tiid in bestimmingsplan te meitsjen. Dit brief moat oanleiding wêze om yn 'e takomst earst it bestimmings plan fêst te stellen. It skynt net mooglik te wêzen sketten ensafuorthinne te foaren te kommen. Yn 'e takomst soe fêstlein wurde moatte dat der net samar oeral sketten boud wurde kinne. Al dy sketten ferpeste it plan en der moat alles oan dien wurde dy út'e hân rune bou fan sketten te kearen. Wethâlder De Boer fynt it in goed idee de wurkgroep dy't him dwaande hâldt mei ekologyske bou yn de plannen foar dit stik fan Meinga te beheljen. It bouwen fan sketten oant 2 meter heech ta is gjin fergunning foar nedich. It kolleezje wol besykje yn oankommende plannen dêr wat foar te regeljen of wol yn it bestim mingsplan of wol fia de privaatrjochtelike wei. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 12Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het opstellen van een verkeersbeleidsplan. De hear Roorda seit dat syn fraksje fral in feilige ferkearsôf- wikkeling tige wichtich fynt. Der barre noch tefolle ûngelokken dêr't fytsers en benammen bern by belutsen binne. It feilich- heidsaspekt is foar syn fraksje haadpunt fan it ferkearsbelieds- plan. Syn fraksje kin ynstimme mei de opdrachtformulearing. Hy wol dêr by oantekenje dat ien en oar net te lang duorje mei en dat de befolking yn it opstellen fan it plan behelle wurdt. Hy giet der fan út dat de bekinde knyppunten meinommen wurde sille. It is net dúdlik wa't úteinlik mei in ütstel oangeande de prio- reitstelling komme sil. Hy giet der ek fan út dat de akute knyp punten oanpakt wurde. Hy freget wat mei de weromkeppeling nei de riedskommisje bedoeld wurdt: tuskentiidse rapportaazje as in ynhâldlike diskusje? Op hokfoar wize sil it Regionaal Orgaan Ferkearsfeilichheid by de plannen belutsen wurde? Dan it wich- tichste punt. Hoe komt it mei de finansiering fan de projekten. Wurdt dêr de kommende begrutting al rekken mei hélden? It meits jen fan in plan wekt ommers ferwachtings en skept ferplichtings De hear Postma seit dat syn fraksje fynt dat der nochal wat mankearret oan de opdrachtstelling. Wat mist binne ek de ramten NOT0309/O/H/BROUWERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 16