- 13 - De hear Van der Baan seit dat út kringen fan it WAO-beried de fraach nei in temjittekomming weikomt. Ien ding is wol dúdlik: riedsleden hawwe in gâns heger ynkommen dan de minima en ferkeare yn in gâns oare sitewaasje as dizze minsken. Hy fynt dat der mei de útkearing net wachte wurde moat oant de ein fan it jier. It is gjin dübeld wurk as n& earst oan eltsenien in útkearing jûn wurdt en aanst de wurkwize sa't it kolleezje dy fiere wol folge wurdt. Wethâlder De Boer seit dat minsken dy't no jildkrapte hawwe ek no al in berop dwaan kinne op de bysûndere bystân. De ferheging fan de moanlikse leasten koe, mar hoegde men net te akseptearjen. Der binne gjin spesjale sinjalen oer jildkrapte binnenkaam. By de werûndersiken foar útkearings wurde hjir wol fragen oer steld. It kolleezje hâldt it by "maatwurk" fia de bysûndere bystân. Sy sil yn de kommisje mear fertelle oer hoe't de bysûndere bystân wurket en ferrint. De heer Lolkama zegt dat veel mensen zich niet kunnen indenken wat armoede is. Vaak is men ook nog te trots om naar Sociale Zaken te gaan, hoewel men recht heeft op bijzondere bijstand. De hear Van der Baan fynt dat it foar de gemeente neat útmakket dat der no in útkearing jûn wurdt, dy't de minima dochs helpe kin. It is spitich dat net mear riedsleden it ynisjatyf-útstel stypje wolle. Wethâlder De Boer fynt dat it kolleezje dochs goed foldocht oan wat it WAO-beried earder frege hat. Yn elts gefal sil der goede foarljoch- ting komme oer de útkearing dy't minsken oanfreegje kinne as temjitte komming yn de hege stookkosten fan ferline winter. De hear Zijlstra wol graach in tydlike sluting fan de gearkomste foar oerlis yn syn fraksje. De foarsitter slüt tydlik de gearkomste om 23.00 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 23.02 oere. De hear Zijlstra seit dat de hear Lolkama it ynisjatyf-útstel stypje sil, de rest fan de fraksje stipet it kolleezje. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Na gehouden stemming blijkt het initiatiefvoorstel van de heer Van der Baan met 13 tegen 3 stemmen te zijn verworpen. Voor hebben ge stemd de leden Van der Baan, L. Veldstra en Lolkama. De foarsitter slút de gearkomste om 23.05 oere. Hy betanket de ried foar syn bydrage oan de beslútfoarming en winsket eltsenien wolthús. (mevrouw A.M.E. van der SI Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 8 oktober 1996, de secretaris, de- voorzitster NOTO309OHBROUWERJ13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 21