- 2 - De hear Veldstra seit dat de wetjouwing basearre is op yndividue- le oanfragen. Hy bliuwt it spitich finen dat der net in ramt oanjûn is wêr de 1,2 miljoen foar ornearre is en wêr net foar. Mefrou Santema seit dat har fraksje it kolleezje erkentlik is dat der oer dit punt in hiele kommisjejün praten wurde koe. Dêr is it ütstel fan alle kanten besjoen. Sy is ek bliid dat der no noch rom omtinken oan it útstel jûn wurde kin yn dizze ekstra riedsgearkomste. Dat der yn 1994 in hoeden belied ynsetten is is goed west. Sjoen nei wat de omlizzende gemeenten no dogge komt Boarnsterhim tige rynsk út 'e hoeke. It jild is foar de handikap- ten en heart ek dêr telâne te kommen. Se freget wat de status fan it Wvg-platform is by it opsetten fan it handikaptenbelied. De hear Van den Berg seit dat hy ek de yndruk hat dat der yn de kommisjegearkomste tige yngeand oer dizze matearje praten is. Spitigernôch is it ferslach fan dy gearkomste der noch net. Syn fraksje giet akkoart mei de wizigingen fan de feroardening en dat se mei weromwurkjende krêft oant 1 april 1994 yngeane. Hy hie ek de yndruk dat it Wvg-platfoarm him yn dit basispakket fine koe. Ien punt fan it Wvg-platfoarm is net yn it ütstel oan 'e oarder kommen. Dat wie it fersyk om de temjittekomming yn de kosten foar de eigen auto noch mei 102 te ferheegjen. Mei dizze oanpaste feroardering is it maksimaal mooglike wol berikt. Oan- geande de besteging fan de reserves is it spitich dat it jild brûkt wurde sil foar it meitsjen fan in algemien handikaptenbe lied. De ried mei it him ek oanlûke dat hy net by steat west hat in yntegraal handikaptenbelied te meitsjen. Syn fraksje kiest der foar de middels wol yn te setten sa as it kolleezje ütstelt. Syn fraksje stiet der op dat it Wvg-platfoarm en de ried op in yngeande wize by de tarieding belutsen wurdt. Hoe sjocht it proses fan beslütfoarming derüt? De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimt mei de ütstelde wizigingen fan de feroardening. Hy is ek ynnommen mei de werom wurkjende krêft oan 1 april 1994. Mei it twadde punt fan it ütstel is syn fraksje it ek iens. De oanwending kin allinne plakfine as de ried it handikaptenbelied fêststeld hat. It no al oanjaan dat it giet om algemien belied en besteging foar wurksum- heden fan it Wvg-platfoarm achtet hy prematuer. Syn fraksje wol graach dat it ütstel op dit punt oanpast wurdt. Algemien handi kaptenbelied moat in fêst ünderdiel wêze fan it gemeentlik be lied. Aparte fûnsen dêrfoar foarmje is in teken fan ûnfermogen fan it kolleezje. De foarsitter betanket de ried foar de réaksjes yn twadde termyn. Der is gjin ferskil fan miening tusken de hear Van der Baan en it kolleezje as it giet om de algemiene line fan it handikaptenbelied yn Boarnsterhim. Selsstannichheid en de mooglikheid om seis beslissingen te nimmen kinne gjin lege wur- den wêze. It gemeentebestjoer sil lykwols dêr it belied op meits- je moatte. It is tige dreech om in regeling te meitsjen dy't foar 1002 oanslüt by de winsken fan de handikapten. Gelokkich kin no de feroardening posityf oanpast wurde. It hie fansels ek de oare kant út kinnen. It kolleezje fynt dat it ynkommen yn de oanjüne gefallen wol meirekkene wurde moat. Yn it oerheidsbelied is it oer it generaal sa dat as der jild beskikber steld wurdt der ek sjoen wurdt nei de finansjele middels dy't de oanfreger hat. Oangeande de besteging fan de reserve, 1,2 miljoen, seit it kolleezje, mei respekt foar de selsstannichheid en de mooglik- NOT3005/0/H/BR0UVERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 3