- 3 - heid om seis beslissingen te nimmen, dat it ynsetten wurde moat foar it meitsjen fan in algemien handikaptenbelied. It Wvg-plat- form spilet dêryn in essinsjele rol. It Wvg-platform komt mei útstellen nei it kolleezje en de ried. Fansels is it de ried dy't de beslissingen nimt. It Wvg-platform hat dus in spil-funks- •je. It kolleezje wol mei it Wvg-platform dat de posysje fan it platform fersterke wurdt. Dat der earder gj in handikaptenbelied wie hat alles te krijen mei de kar dy't eardere gemeenterieden makke hawwe. De sitewaasje leit der no ienkear sa hinne. Yn dit stadium hoecht der gjin beswier te bestean tsjin de term "alge mien handikaptenbelied" omt de posysje fan it Wvg-platfoarm hiel stevich is. Koartsein, as it Wvg-platforn gjin posityf advys jout wurdt der gjin jild útjûn. De hear Postma seit dat syn fraksje it wurdsje "algemien" foar handikaptenbelied skrasse wol om't dan it ramt wêrbinnen it belied him ôfspylje sil wat rommer wurdt sadat yndividuele knyp- punten ek binnen it belied oplost wurde kinne. De foarsitter tinkt dat der gjin beheining sprekt út it wurdsje "algemien". It jild kin ynsetten wurde foar in breed algemien handikaptenbelied en as it platform fynt dat der jild bestege wurde moat yn yndividuele sitewaasje kin it kolleezje dêr bést mei libje. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje dit in goed útstel fynt. De tasizzing dat de reserve ek bestege wurde kin oan yndi viduele gefallen liket him net sa'n goed idee is. De hear Van der Baan fynt in keppeling oan it ynkommen gjin goede saak omt dêrtroch de selsstannichheid fan de handikapten oantaast wurdt. Rioelheffing en óffalstoffenheffing wurde ek net basearre op it ynkommen. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him fine kin yn it útstel. Hy sit lykwols dochs noch wol mei it wurdsje "algemien" yn punt 2 fan it útstel. Hy stelt út dat te ferfangen troch de wurden: "noch neier fêst te stellen". De foarsitter konstatearret dat it amendemint fan de hear Zijl stra foldwaande stipe krijt om behannele te wurden. As de ried wol dat it Wvg-platfoarm serieus belutsen wurdt by it meitsjen fan in handikaptenbelied dan kin it net sa wêze dat dat in frij- bliuwend advys is. Dêrom moat it platfoarm frij wêze om mei útstellen te kommen. It wurdsje "algemien" jout oan dat it plat foarm frij is om ek yndividuele help yn it belied in plakje te jaan. It kolleezje ûntriedt dan ek it amendemint.lt is, sjoen ek oare regelingen sa as de bystân, absolút net ûnridlik dat der fan minsken mei wat mear ynkommen in eigen bydrage frege wurdt. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Hy konstatearret dat der net foldwaande stipe is foar it amendemint fan de hear Van der Baan oer de punten 3 en 4 fan de wizigingen fan de fero- ardening. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform punt 1 van het voorstel besloten. Over het amendement van de heer Zijlstra inzake punt 2 wordt hoofdelijk gestemd. Na gehouden stemming blijkt dit amendement te zijn aangenomen met 8 tegen 5 stemmen. Tegen hebben gestemd de leden Van den Berg, Van der Meulen, NOT3005/0/H/BROUWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4