- 4 - Oosterhof, De Boer en Smittenberg. De tekst van punt 2 van het besluit luidt alsvolgt: In te stemmen met het voorstel om de tot 1 januari 1996 opgebouwde Wvg-reserves ten bedrage van f 1.286.758,00 in te zetten voor nader vast te stellen gehandi captenbeleid en ten behoeve van de werkzaamheden van het Wvg- platform in Boarnsterhim. 27. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de vervanging van de verlichtingsarmaturen in sporthal "De Twine" te Grou. De hear Postma seit dat syn fraksje foar in ynvestearing fan f 50.000,00 is. Wat him ferbjustere hat yn it ütstel is it feit dat der jierliks in lest kreëarre wurdt fan likernôch f 5000,00 dy't dekt wurdt út de jierlest binnen de post De Twine. Der giet dus in bedrach fan f 10.000,00 (besparring min jierlest) earne oan op. In logyske riddenaasje soe wêze dat it tastiene eksploi- taasjetekoart mei f 10.000,00 ferlege wurdt. Syn fraksje wol oan it beslút taheakje dat in tal alternativen besjoen wurde foar de dekking fan de f 50.000,00. Bygelyks it omsetten yn in 4-jierri- ge annuïteit, dan is de ynvestearing der yn 4 jier út. Syn fraks je hat gjin probleem mei it útstel mar fynt wol dat de eksploi- tant him lojaal opstelle moat omt dy de kommende jierren bespar- ret op de ferfanging fan ljochtarmatueren. Hy wol útstelle dat it saldo fan f 10.000,00 út it tastiene rekkeningstekoart helle wurdt en tafoege oan de ûnderhâldsreserve. De hear Roorda seit dat syn fraksje ynstimt mei it beskikber stellen fan it kredyt. Ek hy fynt it spitich dat dit net laadt ta in fermindering fan de eksploitaasjebydrage. Sportfondsen Nederland wie fan doel it tekoart omleech te bringen. Dit slag- get blykber net en hy freget him of oft Sportfondsen wol by steat is de sportfoarsjenning op in goedkeapere wize te ekploi- tearjen. Syn fraksje sjocht dan ek graach in evaluaasje mei Sportfondsen oer de ûnderfinings oant no ta en dat der in ferlyk- jend ûndersykje dien wurdt nei in foardieliger eksploitaasje- foarm. Guon gemeenten hawwe ünderfining mei in eigen stichting as in ferieningsfoarm. Benammen bringt hy de sitewaasje yn East- stellingwerf yn it omtinken. De evaluaasje en it ûndersyk kinne dan meinommen wurde by de fraach oft it kontrakt ferlenge wurde moat. It kontrakt rint op 1 jannewaris 1998 óf en moat eventueel opsein wurde foar 1 jannewaris 1997. De foarsitter seit dat de opmerkingen dy't makke wurde op hast gjin wjerstân stuite by it kolleezje. Mar dochs kin it net. Doe't it kontrakt sluten is hat de gemeente him ferplichte elts jier f 410.000,00 yn de eksploitaasje by te dragen. Dêr kin de gemeente net omhinne. Aanst by it ôfrinnen fan it kontrakt is der de mooglikheid op 'e nij te ûnderhanneljen. De eksploitant hoecht net lojaal te wêzen omt yn it kontrakt hurde ófspraken steane. Der binne lykwols noch wol in pear opsjes foar de finan- siering fan it kredyt. It model fan de hear Postma hat it gefaar yn him dat de eksploitant it der net mei iens is. De foarkar fan it kolleezje giet út nei it op 'e nij stevich út ûnderhanneljen as it kontrakt oan de ein fan it jier op tafel komt mei as doel in legere gemeentlike bydrage. Hy seit ta dat it model Eaststellingwerf goed besjoen wurde sil. De hear Roorda betanket de foarsitter foar syn beantwurdingHy wol graach fia de kommisje AZW by de rin fan de saken belutsen wurde en giet nochris yn 'e pleit foar in ferlykjend ûndersyk. NOT30O5/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 5