- 5 - De hear Van den Berg konstatearret dat der blykber by it fêst- stellen fan it kontrakt op dit punt net echt skerp sjoen is. Tenei dus better ûnderhannelje. Mefrou Santema stipet it útstel dat de hear Postma dien hat oer .de 4-jierrige annuïteit. De foarsitter seit dat hy it folslein iens is mei de hear Roor- da. It kolleezje kin net ynstimme mei it ütstel om de eksploi- taasjebydrage nei ûnderen te bringen. Dat kin tenearsten net en twaddens wol it kolleezje no net de kommende ûnderhannelingen frustrearje. De hear Postma sjocht net dat de ûnderhannelingen frustrearre wurde troch syn ütstel. Syn fraksje wol graach dat der stimd wurdt oer syn ütstel oer de 4-jierrige 8 %-annuïteit. De foarsitter konstatearret dat it ütstel fan de hear Postma foldwaande stipe hat. Vervolgens wordt er hoofdelijk gestemd over het bovengenoemde amendement van de heer Postma. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 8 tegen 5 stemmen te zijn verworpen. Voor hebben gestemd de leden Postma, Santema, L. Veldstra, Van der Baan en Oosterhof. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 28. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de Zwin-Zwetteverbinding De hear Zijlstra seit dat syn fraksje it ütstel goedkart. It ütstel is der troch partikulier ynisjatyf kommen fan benammen de hear Y. Damsma. Alle wurdearring dêrfoar. Mefrou Santema seit dat der in hiele protte wetterferbiningen tichtsmiten binne. It kostet in protte muoite dy ferbiningen wer iepen te krijen. De hear Damsma komt foar syn krewearjen alle ear ta. Har fraksje stimt yn mei it ütstel. Sy trunet der by it kolleezje op oan syn bést te dwaan om mear ferbiningen wer iepen te krijen. Bygelyks de Foudering. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it oan 'e iene kant prachtich fynt dat âlde farwegen wer iepen geane. Oan 'e oare kant sil de gemeente dochs sunich oan moatte mei grutte ynvestea- rings. Is dit, yn dat ljocht besjoen dan wol in goede kar? Hy freget oft der al oerienstimming is mei de oanbelangjenden. De hear Postma fynt it spitich dat it CDA sa koart fan memoarje is. Oardel jier lyn hat it CDA ynstimd mei it toeristysk rekrea- tyf üntwikkelingsplan dêr't de Swin-Swetteferbining in priori teit yn hat. Syn fraksje is tige ynnommen mei it üstel. It is ek unyk en fantastysk dat Reduzum Süd BV en Pleatslik Belang bydra- ge oan dit projekt. No't dizze ynvestearing dien wurdt moat der ek foar soarge wurde dat troch nij kaartmateriaal, promoasje ensafuorthinne it brüken fan de nije ferbining stimuleard wurdt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje bliid is mei alle lof foar de hear Damsma. It plan hat in protte wjerstân hân en sa besjoen is sân jier tarieding miskien net iens hiel lang. It is NOT30O5/O/H/BROUWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 6