- 2 - Wethouder Smittenberg zegt dat alle bezwaarschriften meelopen in de procedure en meegewogen worden in het besluit van het colle ge. In dit stuk van zaken is de raad niet bevoegd. Hij heeft er geen bezwaar tegen dat dit bezwaarschrift in de commissie wordt toegelicht en besproken. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4. Mededelingen. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie graag wil weten wat het beleid inzake verkoop van kleine hoekjes grond is. Wethâlder De Boer seit dat sy al in beliedsnotysje oer it ferke- apbelied tasein hat. Dy sil, tinkt sy, noch net yn de kommende kommisjegearkomste oan de oarder komme mar yn dy dêrnei. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5Voorstel tot het instellen van een adviescommissie-ad-hoc ten behoeve van de huisvesting van de gemeentelijke organisatie. De hear Veldstra seit dat syn fraksje it belang ynsjocht fan in bettere húsfesting fan de amtlike en bestjoerlike organisaasje. Ek de ûntfangstromten en de entree kinne dúdlik better. Syn fraksje stiet dan ek achter it ütstel en hysels is út namme fan syn fraksje kandidaat. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje op 3 maaie de suggest- je dien hat ta in hoeden oanpak oangeande it ûnderkommen fan de amtners. In suggestje om bûtensteanders mei ünderfining in objek- tyf advys útbringe te litten. Mar mei dy suggestje is neat dien. Op 9 maaie waard syn fraksje al dúdlik dat syn suggestje net earnstich nommen waard. Op dat stuit lei der al in rapport fan BMC dat yn april gearstald wie en dêr't út bliken die dat it foarûndersyk al klear wie. Sa fielde syn fraksje him bûtenspul setten. It rapport is op 22 maaie yn in troch syn fraksje slet ten neamde gearkomste besprutsen. Opfallend is dat sûnder ynstim- ming fan de ried en sûnder in kredyt dêrfoar de opdracht oan BMC ta stân kommen is. Dêrmei hie dus it kolleezje en net de ried it primaat. No wurdt oan de ried frege as it wiere op in ridende trein te springen, mar dêr fielt syn fraksje net foar. As de ried beslút ta it ynstellen fan de ad-hoc-kommisje sil syn fraks je meidwaan moatte. Yn it oare gefal soe de ried syn fraksje dêrfan frijstelle moatte en de winsk fan syn fraksje om bûten de saak te bliuwen honorearje. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it in goede saak fynt dat dizze kommisje ynsteld wurdt. Op dizze wize kinne der soarchfâldige útstellen komme en binne ek de boargers belutsen by de húsfesting. Hy sjocht de beswieren fan de FNP-fraksje net omt dúdlik oanjûn is dat neist it strategysk beslisdokumint ek oare scenario's oerwûgen wurde kinne. Syn fraksje draacht him foar as lid fan de kommisje. De hear Van den Berg seit dat der yn dit stik fan saken in oar paad keazen wurdt om ta in riedsútstel te kommen. Mar dat is net sa raar omt it ek om in útsûnderlike saak giet. Syn fraksje kin him fine yn dit ütstel. Hy draacht de hear Smittenberg foar as lid fan de kommisje. N0T0810/0/H/BROUWBRJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4