- 2 -
Wethâlder De Boer seit dat de F.N.P. ek al op 25 oktober 1995 in
ynisjatyf-ütstel yntsjinne hat. De sinjalen oer it net krekt
wezen fan it beslüt fan 1989 binne opfongen. Foar de sport is
der optheden gjin probleem. Mar yn Grou binne der oare saken
dy't by de oerwaging meinommen wurde moatte sa as de bou fan
senioarenwenten en de fraach oft it winkelbestân noch ütwreide
wurde moat. Ynkoarten komt it struktuerplan oan'e oarder. Ek sil
der in d.p.o.-ündersyk dien wurde. It kolleezje wol de fraach
oft de sportfjilden ferpleatst wurde moatte besjen yn it grutte
ramt fan wenjen, wurkjen en rekreearjen yn Boarnsterhim. Ek yn
de brede diskusje mei de befolking kinne de sitewaasje rûn de
sportfjilden en ek de detailhannel belutsen wurde.
De hear Van der Baan fynt it antwurd fan it kolleezje net fol-
dwaande. Hy wol it ynisjatyf-ütstel direkt behannelje. As de
ried no in ütspraak docht is dat in düdlik sinjaal foar de ütein-
like beslütfoarming. Fral de sportferienings sitte dochs wol op
düdlikheid te wachtsjen.
De hear Postma seit dat der rünom ferwarring is oer de ynterpre-
taasje fan it beslüt fan 10 maart 1989. Wethâlder De Boer hat
seis yn maaie 1996 sein dat de sport nei Meinga ta moat. Der is
in tal wiken dêrfoar in brief nei it komité Nesserdyk gien dêr't
yn stiet dat der noch gjin opdracht foar in ündersyk fan de
ferpleatsing fan de sportfjilden nei Meinga ütgien is. Dizze twa
sinjalen jouwe oan dat der gâns ûnsekerheid ûnder de sportferie
nings libbet. Der sil gau düdlikheid komme moat. Dêrom wol syn
fraksje it ynisjatyf-ütstel direkt behannelje.
Mevrouw Aukes sluit zich aan bij de woorden van de heer Postma.
Een principe-uitspraak van de raad is volgens haar fractie drin
gend nodig.
De hear Van den Berg is it foar in grut part iens mei de foarige
sprekkers. De boargers fine dat de ried net helder is yn dit
stik fan saken. Te faak wurdt achter de ûntwikkelings oanrûn en
dat is in minne saak. De sportferienings wolle graach helder
heid. Hy wol dan ek graach fan it kolleezje witte wannear't dy
düdlikheid te ferwachtsjen is. Komt der by it struktuerplan in
apart ütstel oer de Nesserdyk? Wat fynt it kolleezje derfan as
de ried no in prinsipe-ütspraak docht.
Wethâlder De Boer seit dat dit jier noch it struktuerplan presin-
tearre wurdt. Der sil ynformaasje jûn wurde oan de doarpen en
dêrnei sille de plannen bepraten wurde mei de pleatslike be
langen, de doarpen en de ündernimmersDêrnei komt it struktuer
plan nei de ried ta. Omt no noch net alle arguminten bekind
binne wol it kolleezje wachtsje mei in ütstel oangeande de Nes
serdyk. De sportferienings hawwe op dit stuit gjin praktyske
problemen. Foarütskowen oant it struktuerplan liket har dan ek
net sa erch.
De foarsitter seit dat der fansels in konkreet ütstel komme sil
oer de Nesserdyk. Yn dy sin is hy it iens mei it brief fan de
F.N.P. Der binne lykwols oare saken dy't fan belang binne anneks
mei dy fan de ferpleatsing fan de sportfjilden. Dêrom wol it
kolleezje by it struktuerplan oer al dy saken yntegraal, op grûn
fan ynhâldlike arguminten, in beslüt nimme.
N0TULEN/0/H/HAINJEA/2