- 10 - Syn fraksje giet der fanút dat neist de beliedsfisy ek de oanpak fan it grut ûnderhâld yn dy nota meinommen wurde sil. As leste de fraach hoe't it kolleezje tinkt it tekoart dat no ûntstiet te dekken De hear Postma seit dat trije jier nei desimber 1993 syn fraksje konstaearje kin dat nei earst tige dreech oerlis de ûnderhanne- lingen mei de sportferienings sukses hawwe. Foar syn fraksje stiet noch net fêst oft de konklúzje fan it kolleezje ófakkorde- arje is mei de F.S.B. i.o. Dit ek besjoen yn it ljocht fan in opmerking fan wethâlder Van den Berg dat der oerienstimming wie mei Jirnsum yn novimber 1995 oer de privatisearing. Him hat bliken dien dat dy oerienstimming der net west is. Ek is de kommunikaasje mei de sportferienings net optimaal west. Syn fraksje is bliid mei de taseine brede notysje oer de sport. Hy soe it op priis stelle dat yn dy notysje ek it grut ûnderhâld opnommen wurdt. Op dat punt moat der ek goed oerlis mei de sport ferienings plakfine. Syn fraksje is fan betinken dat der in yntegraal belied komme moat mei eveuteel ek in wer op 'e nij ikerjen fan de no ynsleine wei. Ut it foarnommen beslút konklu- dearret hy dat allinne foar 1997 in hierferheging fan 100% troch- fierd wurde sil. Hy fynt it ek tige wichtich dat de sportferie nings op 'e tiid op 'e hichte brocht wurde fan dizze en nij feroarings De hear Van den Berg fynt dat de ried eins syn ekskuses oanbiede moatte soe foar it beslút fan desimber 1993 oan'e sportferie nings. Ek ekskuses oan it kolleezje omt de ried it kollezje salang mei dit beslút omtangelje litten hat. Wat der no foarleit docht rjocht oan wat syn fraksje graach wol, nammentlik in bre der sportbelied. Dan wurdt ek temjitte kommen oan de resolúsje dy't de sport op 5 novimber 1996 nommen hat. Sport is fan be lang, net alinne foar de yndividuele sporter mar ek foar de hiele mienskip. Syn fraksje wol finansjeel ynsjoch yn de belutse- nens fan de gemeente by de sport, ynklusyf De Twine. Dêrneist sil de ried seis oanjaan moatte hoe't hy tinkt oer de belutse- nens by de sport troch in goed belied del te setten. It ütstel dat der no leit komt goed oan dy winsk temjitte. Hy tinkt dat de hear De Wolf as partikulier en as sportbelibber him ek folslein fine kinne sil yn dit útstel omt dit útstel noch alle romte biedt om sa mooglik ek noch oer privatisearing te praten.' Mefrou Santema seit dat de kjeld fan'e loft is. Trije jier alles oer de kop en no dochs op de âlde foet fierder. De kommunikaasje mei de sportferienings moat fanôf no wol oarsMei dit útstel bliuwt de gemeentlike bemuoienis. Geane de hieren fan de sport- fjilden allinne yn 1997 mei 100% omheech? Elke op 'e merk rjoch- te partij soe dêrmei út de merk lizze, mar de sportfjildbrûkers steane mei de rêch tsjin de muorre. Har fraksje wachtet op it beliedsplan foar de sport. Sy trunet oan op goed oerlis mei de sportferienings De hear De Jager seit dat der yn de ôfrûne moannen in pittige diskusje plakfûn hat. Lokkich hawwe de partijen elkoar healwei de brêge fûn. Fansels sil net elts hielendal tefreden wêze, mar dat is ek net mooglik. It kolleezje hat in beliedsnotysje tasein oangeande de sport. Hy wachtet mei belangstelling it ferrin fan de saken óf. N0T17DEC/0/H/HAINJEA/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 12