GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 17 december 1996 om 20.00 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezigde dames D.J. Aukes-HuizingaK. van den Berg-Wiersma (wethouder), T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma en L. Veldstra-Lantinga en de heren J.A. van der Baan, K.G. van den Berg, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, T. Lolkama, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethouder), H. Veldstra en J. Zijlstra. Voorzitterde heer Y. Dijkstra. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o toezegging De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit eltsenien hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder it taheakke punt 0Voorziening in de vacature van wethouder. De foarsitter seit dat der 2 stikken oan 'e oarder binne: it brief fan de foarsitter oan de fraksjefoarsitters en it brief fan mefrou De Boer. De hear Zi 1 lstra seit dat yn syn fraksj e it óf treden fan wet- hâlder De Boer mei har trochpraten is. Syn fraksje respektearret en akseptearret it beslút fan mefrou De Boer. Der is de ôfrûne wiken praten oer it Wetterfront Grou. Yn in sletten gearkomste mei de fraksjefoarsitters ûntstie der in patstelling. Om elk romte te jaan om dêr út te kommen wie syn fraksje ree om te sjen wat der mooglik wie. Mefrou De Boer woe in stik fan har porteful- je ynleverje om de saak te reden. Syn fraksje winsket Boarnster him gjin bestjoerskrisis ta en hy hie dan ek ferwachte dat der mear romte west wie. Dy romte hat syn fraks je lykwols net kri- gen. Uteinlik hat mefrou De Boer sneontemiddei har stânpunt bekindmakke. Doe wie bekind dat it ynleverjen fan it Wetterfront allinne net genóch wie foar de beide oare wethâlders. Foar syn fraksj e wie der doe mar ien oplossing: it weromlûken fan syn wethâlder. It betrouwen dat sy net krigen hat sil der ek net komme as syn fraks je in oare wethâlder leveret. Dêrom hat syn fraksje de stipe oan it kolleezje ynlutsen. Hy konstatearret dat syn fraksje no oan 'e sydline stiet. Oare partijen hawwe winske dat wethâlder De Boer opstapte. Oare partijen woene it kolleezje ûnder kuratele stelle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 3