- 3 - Het is en blijft een collegiale verantwoordelijkheid. Een ver antwoordelijkheid die er toe had moeten leiden dat niet was gebeurd wat nu is gebeurd, namelijk wederom een bestuurscrisis. Wellicht kan een commissie van wijze vrouwen en mannen de raad begeleiden in de verdere ontwikkeling richting de toekomst. De hear Van den Berg seit dat mefrou De Boer op 14 desimber opstapt is as wethâlder mei as reden dat sy net mear op foldwaan- de stipe fan de ried rekkenje koe. Oanslutend is der neier kontakt west mei de fraksjefoarsitter fan de P.v.d.A. Dêr die bliken dat sy mefrou De Boer stipen en dat sy net ree binne in nije kandidaatwethâlder te leverjen. Yn in neier polityk beried tusken de fraksjes fan C.D.A. en D'66 is fêststeld dat it stén- punt fan mefrou De Boer gjin reden is om de stipe oan de eigen wethâlders yn te lûkenOp basis fan dy sitewaasje is besletten te ündersykjen oft yn de ûntstiene fakatuere foarsjoen wurde kin. Om de perioade fan bestjoerlike ûndúdlikens sa koart moog- lik wêze te litten is der polityk oerlis opstarten mei de fraks jes fan F.N.P., V.V.D en Gemeentebelangen. Oan harren is de fraach foarlein oft sy ree binne mei C.D.A. en D'66 in kolleezje te foarmjen. Partijen hawwe oanjün dat sy harren beriede woene op de ûntstiene sitewaasje. De hear Van der Baan begjint mei te sizzen wêrom as hy it foar- nimmen hie in moasje fan wantrouwen tsjin mefrou De Boer yn te tsjinjen. Yn de AZW-kommisje is de wethâlder sa skeind dat in oare konklúzje net lutsen wurde koe. Dêrnei is besocht om yn oerlis mei de oare fraksjes te besjen oft in oplossing mooglik wie. De oast siet him deryn dat de wethâlder oant it leste ta net búgje woe. In wethâlder heart ferantwurding óf te lizzen oan de ried. As dat net bart sjit se tekoart. Pas yn tredde ynstân- sje hat de wethâlder ûnder druk fan de oare partijen har útlis jûn. It die bliken dat sy fûn dat se wol goed funksjonearre en dat sy wol bliuwe koe. Yn oerlis mei alle fraksjes is besocht in oplossing te sykjen troch it Wetterfront yn te leverjen en der moast ek op oare punten miskien in ferskowing yn de portefuljes plakfine. De portefulje fan mefrou De Boer wie ommers wol tige swier. Dêrnei is der kolleezjeberied west. Binnen it kolleezje is it sprong. Hy hie graach wold dat alle partijen dúdlik makke hiene hoe't neffens harren de saak derhinne leit. Op dit stuit is dêr lykwols gjin sicht op. Hy konstatearret dat der in earn- stige bestjoerskrisis is. Der moat yn alle rêst besocht wurde in oplossing te sykjen. Dy oplossing, sa foarseit hy, is hast ün- mooglik. De hear Van der Meulen seit dat syn fraks je him oanslút by it brief fan de foarsitter fan 14 desimber. It parseberjocht fan D'66 en syn fraksje jout oan hokfoar stappen der set binne. Oan de opposysjepartijen is de fraach foarlein oft sy ree binne in wethâlder te leverjen. De foarsitter seit dat mefrou De Boer der de foarkar oan jûn hat fuortendaliks op te halden mei har wurksumhedenIt kolleezje hat him bûgd oer de fraach op hokfoar wize de portefulje fan mefrou De Boer sa goed mooglik behertige wurde kin. Hy konsta tearret dat der gjin oplossing is foar de best joerskrisisHy ropt de ried op om de ynnerlike krêft te finen om de problemen op te lossen. Boarnsterhim is it wurdich om goed bestjoerd te wurden N0T17DEC/0/H/HAINJEA/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 5