- 11 - Dy giet sa: De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim op 14 novimber 1996 byinoar yn 'e begruttingsgearkomste; yn omtinken nimmend dat: yn 'e ófrune jierren de belutsenens fan 'e gemeente by it sosjaal kultureel wurk ta in abslút minimum redusearre is; dat oangeande it wiidweidige beliedsterrein wolwêzen in dúdlik beliedsramt üntbrekt; dat it ferlet oan in struktureel takomstbelied op dat mêd tige grut is; fersiket it kolleezje: stappen te dwaan om yn 1997 te kommen ta de ûntjouwing fan in algemien beliedsramt op it wiidweidige terrein fan wolwêzen, oan 'e hân wêrfan neiere útwurkings it oanbelangjende dielterrein harren beslach krije kinne; yn jannewaris 1997 dêrta in plan fan oanpak foar te lizzen oan 'e ried, mei dêryn in dúdlik formulearre opdracht, in stappe- plan mei tiidskema en in koste-opset; en giet oer nei de oarder fan 'e dei. De moasje is troch trije leden ûndertekenen. (Dizze moasje krijt folchnûmer 1). Kommunikaas ie. Fan it begjin óf fan dizze riedsperioade hat D66 omtinken frege foar in goeie kommunikaasje yn 'e breedste betsjutting fan it wurd. Mear as ien kear hawwe wy oanstien op it fêststellen fan in kommunikaasje- plan, dêr't in oanpak yn oanjûn wurdt foar it ferbetterjen fan 'e ynterne en eksterne kommunikaasje. Spitigernóch moatte wy fêststelle dat der op dat mêd, op 'e goeie foarnimmens nei, noch neat op 'e hispel kommen is. Nettsjinsteande bliuwe wy optimistysk, achtslein ek op de foarnimmens dy't jimme kolleezje ek no wer utere hat. Wy stypje jimme útstel om 50.000 gûne út te lüken foar it ûntjaan fan in be- liedsnotysje. Wy stelle dêrby wol it betingst dat wy fan jimme in dúdlik byld krije fan wat wy ferwachtsje kinne en op hokker termyn. Dêrmei wolle wy yn't foar komme dat wy (hjir ek) yn in sitewaas je belâne, wêryn wy (te) lang wachtsje moatte op eat dat faaks nea komt. Dat it ferlet fan in goeie kommunikaas je grut is docht wol bliken út 'e enkête, dy't resint hâlden is ûnder de bedriuwen yn ús gemeente. De ynformaasje dy't dêr út komt is tige wichtich foar de gemeente. Sa'n enkête, hâlden ûnder de befolking, yn 'e foarm fan in boarger-pa- nel, sil ek in ûnskatbere soad ynformaasje opleverje kinne, dêr't de gemeente har foardiel mei dwaan kin. Ommers: "Mjitte is witte!" Foarútrinnend op it kommunikaasjeplan kinne der neffens ús no al in oantal dingen oppakt wurde. Sa kin de gemeenteside yn 'e Mid Frieslan- der noch better brûkt wurde foar it jaan fan ynformaasje. It besoarg- jen fan goeie ynformaasje komt in soad fragen en geroften foar. Oan 'e ferbettering fan 'e direkte relaasje mei bestjoeren fan ferienings en ynstellings kin ek sûnder ekstra kosten wat dien wurde. Ut in besite okkerdeis fan D66 oan Pleatslik Belang Aldeboarn die bliken dat it bestjoer in direkte yngong by it kolleezje mist. Dêrtroch moatte fragen en oandachtspunten somtiden earst in lange amtlike wei troch it gemeentehûs meitsje eardat hja op 'e tafel fan it kolleezje komme. Mooglik dat mei it beneamen fan kontaktwethâlders/bestjoerders yn dat probleem foarsjoen wurde kin. Ferpartsje de doarpen ûnder de fjouwer leden fan it kolleezje en lit dy as bestjoerlik oansprek- en koördinaasjepunt fungearje. Mei koarte linen kinne frustraasjes tefoa- ren kommen wurde. Graach jimme miening dêroer. N0T1411I0/H/BR0UWERJ11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 14