- 15 - Yn sa'n kearntakendiskusje soene wy ek wol ris kedize kinne oer, "Is Boarnsterhim fol of is der dochs noch romte om te bouwen?" Oer de projekten mei de projektûntwikkelders soene wy noch ferslach krije, wy binne tige nijsgjirrich. It plan om noch meer rekreaasjewenten te bouwen wolle wy noch wol ris beprate. Tuike, tuike oan soene wy sizze. Wat de doarpsfernijing oangiet, binne wy drok dwaande. Wy kinne ús alhiel fine yn de mearjierrenbegrutting hjiroer. Akkrum mei faasje trochsette en Grou en Terherne sa gau mooglik oanpakke. Lit ús de lytse doarpen ek net ferjitte. Us monuminten freegje ús oandacht en dat der in groep minsken opstien is dy't harren hjir frijwillig foar ynsette wol, docht ús deugd. In goede gearwurking tusken partikulieren en ús gemeente hat al ta goede resultaten laad. Us tsjerken en tuorren kinne besjen lije en ek yn 'e doarpen sjogge wy dat âlde gevels wer opknapt wurde. Lykwols ús mûnen hawwe better fertsjinne. Wy soenen graach it ûnder- hâldsplan dêrfan ûnder eagen krije, sa as jimme dat foar dit jier tasein hawwe. It ferfier tusken ús doarpen kin better. Wy hawwe de yndruk, dat ús buskeprojekt hjir allinne net yn fersjen kin. It liket ús sinfol om it ferfier yn 'e gemeente noch ris ûnder de lûp te nimmen, miskyn is der noch wol wat te regeljen mei it WVG- en lear- lingenferfier en Ljouwert. Doarpsbehear stiet heech yn it findel fan de feriening fan lytse doarpen. Us tinkt, dat wy dat ek meinimme moatte yn de kearntaken diskusje. Wat de wurkgelegenheid oanbelanget, is de notysje hjiroer in goede oanset. Oerlis mei it besteande bedriuwslibben en mei bedriuwen, dy't belangstelling foar ús hawwe is wichtich. Dat jimme hjir no in man op set hawwe liket ús in goede saak. Dat it tal wurkleazen yn ús gemeente it ôfrûne jier hurder ôfnommen is as om ús hinne, fertsjinnet üs wurdjerring. De rekréaasje is in wêzenlike wurkjouwer yn ús gemeente. Wy geane der fan út, dat it gejojo mei brêgeslutingstiden ús dit jier besparre wurdt. It fêstrinnen fan de wetterfrontûntwikkeling leit ús finan- sjeel sjoen, swier op'e mage. Dat de plannen yn oerlis mei Grou by- steld binne, kinne wy ús yn fine. Dat de útwreiding fan it tal lisplakken foar boatsjes yn Akkrum op'e non (net slagge) run is, is jammer. Dat der dêr ferlet fan is hat fan't simmer wol bliken dien. Tinkt men ek oer in oare oplossing? Yn Terherne sjogge wy in tige aardige üntwikkeling fan in bedriuwen- terrein foar de wetterrekréaasje. Ek yn Boarn, Grou, Wergea en Jirnsum giet it de goede kant út. Wy tinke dat der neist ús spesjalisearre feehâlderijbedriuwen romte yn ús gemeente is foar in lânbou, dy't mear rekken hâldt mei it fer- skaat oan planten en bisten om ús hinne. De neiere útwurking fan de Blauwe Zóne jout hjir ek de romte foar. It moat net sa komme, dat be paalde natuerorganisaasjes lân oankeapje, dy't ús boeren breanedich hawwe om harren dongboekhâlding rûn te krijen. Wy geane der fan út, dat jimme mei de boerekrite in finger oan de pols hâlde, foarsafier as dat yn jimme fermogen leit. De jongerein, de takomst fan ús en ús gemeente soenen wy graach wat mear omtinken jaan. De juste wei hjiryn te finen skynt dreech te wezen, omt wy dêr alseker 25 jier oar prate. It docht ús deugd, dat jimme der ek sa oer tinke. De fierdere ûntwikkelingen wolle wy graach mei jimme ynfulle. As we neat dogge sjogge we wat der barre kin. N0T14110/H/BROUWERJ15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 18