- 16 - It jierferslach fan'e biblioteek oer 1995 sjocht der net gek út, wy misse wol de finansjele paragraaf en dat ropt fansels wol fragen op, dy't wy al by jimme dellein hawwe. Wurdt it ek tiid om út te lizzen, dat de biblioteektsjinst in sels- standige stichting is, dy't binnen harren budzjet harren organisaasje besiket oan te passen? Dit nei oanleiding fan de besunigings, dy't de gemeente harren oplein hat? De tekst fan'e moasje dy't syn fraksje yntsjinnet is as folgt: "Onze raad kan instemmen met het voorstel f 25.000,00 bij te dragen ten behoeve van het achterstallig onderhoud van de bibliotheek te Akkrum om een overdracht van dit gebouw mogelijk te maken (bladzijde 7 beleidsbegroting) voor het bibliotheekwerk. Hiervan kennisnemende kunnen wij ons niet voorstellen dat het voort bestaan van de bibliotheek te Akkrum en de filialen in Aldeboarn en Reduzum in gevaar zou zijn, afgaande op de perspublikaties en het schrijven van de Stichting Openbare Bibliotheek Boarnsterhim. Overwegende dat een bibliotheekvoorziening in de vorm van een bibliotheek of bibliobus voor een ieder bereikbaar dient te zijn; dat het gehanteerde filiaalmodel in Reduzum mede door de inzet van vrijwilligers weinig kosten met zich meebrengt en goed vol doet; een dergelijke exploitatitevorm ook in Aldeboarn mogelijk zou moeten kunnen zijn c.q. onderzocht dient te worden; wellicht dat dit ook in onze dorpen kan worden toegepast; gezien het grote aantal uitleningen te Akkrum, het inwoneraan tal, de nog te verwachten groei (Boarastee) aldaar een volwaar dige bibliotheekvoorziening in stand dient te blijven. Motie: de raad Boarnsterhim in vergadering bijeen roept het college van burgemeester en wethouders op alles te doen wat mogelijk is, teneinde de bibliotheek te Akkrum en de filialen te Reduzum en Alde boarn te laten voortbestaan. No't it jild wer in bytsje regele is en de pot fan Egypte (de gemeen- tebeurs ,dêr't wer wat yn sit) wer yn sicht komt, fine wy, dat wy ek wer wat mear omtinken jaan kinne oan it sosjaal-kultureelwurk yn ús gemeente. De moasje fan Van den Berg slút dêr moai op oan. De Fryske taal krijt by jimme op it gemeentekantoar rom omtinken. Utsein by de riedsútstellen kin je dit yn al de geledingen fernimme. Wy binne jimme hjir erkentlik foar. Wy hoopje dan ek dat jimme op dizze wei troch geane. Op it kulturele mêd is it tige lestich om tsjin al dy TV-kanalen op te boksen. Dochs binne der hjir en dêr yn ús doarpen aardige resul taten te sjen. Ynisjativen, dy't wy hjir en der bést noch wol wat stypje wolle. Jammer dat wy noch in raamwurk misse, dêr't men al dit soarte saken oan tûtse kin, wat al, wat net. Yn de ynlieding hawwe we al tasein, dat wat ús oangiet de oerdracht fan sportfersjennings oan de sport, mei in bysteld belied útfierd wurde kin. Der is f 15.000,00 foar in bemiddelder útlutsen en no binne wy eigen lik benijd wat dat opsmiten hat. De takomst fan ús basisûnderwiis kinne wy fansels net omhinne. Yn it petear oer de maitiidsnota hawwe jimme ús tasein, om yn it neijier mei in beliedsplan te kommen. De nota leit der no, dêrfoar ús tank. Ut in brief dy't wy ûnder eagen hân hawwe fan de direkteuren fan ús skoallen, sprekt in stik "soarch" oer de ûngewissens, wat der mei harren skoallen en ûnderwiis barre sil. Wy wolle jimme dan ek oantru- ne om mei faasje wurk te meitsjen mei dizze matearje. Wy tinke, dat de tiid dêr no ryp foar is. N0T14110/H/BROUWERJ16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 19