- 23 -
De foarsitter betanket de ried út namme fan it kolleezje en de
meiwurkers foar de kompliminten en de plesierige en opbouwende
toan fan de skôgings. Yn syn antwurd sil hy omtinken jaan oan de
folgjende aspekten: de relaasje boarger-oerheid, de relaasje
ried-kolleezje-personielde gemeentefinânsjen en de gearwurking
mei oare gemeenten, benammen Ljouwert.
Troch Gemeentebelangen 2000 is in soad sein oer de üntwikkeling
fan it iepenbier bestjoer hjoeddedei. Wat dêrfan sein waard
rekke de kearn. De oerheid hat altiten in protte macht hân.
Eartiids waard der in beslút nommen en dèrmei wie it óf. Hjoedde
dei leit dat oars. De oerheid moat altiten in beslút motivearje.
Dêrom is it tige wichtich in draachflak foar besluten te kreear-
jen. De iepenhied en belutsenheid moat befoardere wurde en de
oerheid sil altiten dúdlik wêze moatte. Dat betsjut dat der mear
yn gearwurking mei maatskiplike organisaasjes dien wurde moat.
It kin ek betsjutte dat de oerheid macht ófstiet oan dy maatskip
like organisaasjes. Gemeentebestjoeren sille ek gefoeliger wurde
moatte foar de merk, al sil in gemeente nea in kommersjeel be-
driuw wurde kinne. De arbeidsorganisaasje moat nei bûten keard
wêze en der sille fragen steld wurde moatte as wie it in kommer
sjeel bedriuw.
Hy is der wiis mei dat yn it kolleezjewurkprogram in soad omtin
ken jûn wurdt oan personiele aspekten fan de arbeidsorganisaas
je. It doel is de organisaasje yn dizze riedsperioade op oarder
te krijen. Yn it organisaasje-ûntjouwingsproses wie der earst de
reduksje fan personiel, doe de reorganisaasje. No sit it proses
yn de fase fan de kwaliteitsferbettering. Spearpunt dêryn is
hâlding en gedrach fan personiel en ek fan bestjoerdersIt
kolleezje doart de stelling oan dat it proses him op himsels
goed üntjout. De motivaasje fan it personiel is tige posityf. It
persintaazje syktefersom is no 5 en dêrmei is hy tige ynnom-
men. De gearwurking mei O.R. en G.0. is tige goed. Sy hawwe ek
begryp foar de bestjoerlike stânpunten yn bygelyks de 36-oerige
wurkwike. It kolleezje kin net sûnder de ried en oarsom en beide
kinne ek net sünder de meiwurkers. It docht him deugd dat de
gearwurking better giet as ea. De kwaliteit fan it produkt is
goed: 95 fan de fersiken oan de gemeente wurdt binnen 6 wike
óf dien en is fan in ridlik niveau. De ried praat dus inkeld
noch oer dy oare 5 Op himsels is dat wol begryplik.
De korrekte ófhanneling bliuwt fansels in punt fan omtinken. It
kolleezje stelt hege easken oan it managemint. Foar ried, kollee
zje en personiel leit der in drege klus. We wolle in soad, we
binne ambitieus, der binne in protte winsken. Der leit dus in
grutte ferantwurdlikheid foar sawol ried, kolleezje as perso
niel. It kolleezje sil de ried korrekt en betrouber ynformearje
moatte, dat is in grünregel dy't net skeind wurde mei. It is dan
ek terjochte dat de ried hege easken steld oan ynformaasje en it
kolleezje mei dêr op oansprutsen wurde. De essinsje fan de út-
stellen sil helder nei foaren komme moatte. Mar riedsleden sille
ek dossiers bestudearje moatte en earne oars achtergrünynformaas-
je helje moatte. It kolleezje mei ek fan de ried ferwachtsje dat
dy syn ferantwurdlikheid ynfold. It ûntbrekken fan leden fan
ried by stimmingen is yn tsjinstriid mei dy ferantwurdlikheid.
It hat gjin pas om jin te ûntlûken oan de beslútfoarmingIt
kolleezje pleitet derfoar de riedsfergoeding sa te litten as
útsteld. De wetjouwer hat dy fergoeding fêststeld mei ek de
gedachte dat der folie research troch riedsleden dien wurde
moat. By de rekken is ferantwurding óflein foar de kosten fan
adviseurs, syktekosten ensafuorthinne.
N0T1411/0/H/BR0UVERJ/23