- 24 - At de ried mear details witte wolle dan yn maitiidsnota en kon- sernrapportaazje steane dan kin dat allinne mar achter sletten doarren omt it dan oer minsken giet. Aid wethâlders sille seis ynisjatyf ninmme moatte om gebruk te meitsjen fan de outplace- mintsregeling. Der is foar dizze regeling gjin budzjet beskikber steld. Der sil healwei 1997 in beslút nommen wurde kinne oangeande delegaasje en mandaat. De wetjouwer wol graach de kwaliteit fan it bestjoer ferbetterje en is dêrom kommen mei de suggestje dat wethâlders fan bûten de ried wei beneamd wurde kinne. Der kin oangeande de gemeentefinânsjes gjin sprake wêze fan eufory. Sober libjen de ófrune jierren hat wol fertuten dien. Noch in tal jierren sa troch en der kin in duorsume ferleging fan de ferheging fan de belesting ta stân komme. De belesting- druk is heech. As dêr echt wat oan dien wurde moat dan sil der oan wurke wurde moatte. Dat kin betsjutte dat de ried him behei- nings opleit as it om winsken giet. Der sil socht wurde moatte om in lykwicht tusken ferleging fan belestings en nij belied. It gemeentefüns is yn dit gehiel in ünwisse faktor. De begrutting bepaalt it belied, sa waard der sein. Dat is sa, mar it heart net sa te wêzen. It aksint sil foar it bepalen fan it belied ferskowe nei de maitiidsnota. It leit ek mear foar de hân dan de algemiene skógings te hâlden. It kolleezje oerwaget útstellen yn dy rjochting te dwäan by de earstkommende maitiidsnota. De ried lit nochris witte dat weryndieling gjin oplossing is foar problemen. Gearwurking mei oare gemeenten en yn it bysûnder mei Ljouwert is needsaaklik en mear as frijbliuwend. Gearwurking soe seis ynhâlde kinne dat der foech oerdrügen wurde moat. Spiti- gernóch dat Ljouwert net ynstekt op in konstruktive gearwurking mei de rânegemeenten It is in sympatyk idee om de riedsstikken om 'e nocht oan de boargers beskikber te stellen om sa harren better te belüken by de polityk. Yn it kommunikaasjeplan dat der oan komt sil omtinken jün wurde oan de belutsenheid fan boargers by de polityk. Ek it fergees beskikber stellen fan in abonnemint op de riedsstikken kin dêr in plakje yn krije. It kolleezje fynt dat in protokol foar de gearkomsten ferstan- nich wêze kin omt yn it reglemint fan oarder alles noch net dúdlik ynfold is. Hy wachtet dêromtrint de miening fan de ried óf. Boarnsterhim kin yndied net allinne it probleem oangeande it bagger jen oplosse. Der wurdt dat ek drok oerlein mei ryk en provinsje. D66 freget om doarpswethâldersIt kolleezje kin him yntinke wêrom as dat frege wurdt. It kolleezje sil neitinke oer in fer- bettering fan de relaasje mei de doarpen troch it ferheegjen fan de frekwinsje fan kontakten mei dy doarpen. It is spitich dat we der net yn slagje om de ban mei Horazdovice stevich te hélden. Yn de kommende perioade sil besjoen wurde oft de stêdebén mei Horazdovice ferstevige wurde kin. Dy stêdebén moat dan wol in maatskiplik draachflak hawwe. Der is troch de WD terjochte omtinken frege foar it Langdeel It akwadukt hat in primêre funksje foar it rekreatyf-toeristyske ferkear en kin fansels ek foar de skipswerven in goede foarsjen ning wêze. Der is kontakt mei de skipswerven oer it mooglik iepen meitsjen fan de Fonejachtbrêge. N0T14110/H/BROUVERJ/24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 27