- 27 - Oangeande de moasjes it folgjende. Moasje 1: op hokfoar termyn is it kolleezje ree om mei in globale opset te kommen. Hy wol graach in tiidspaad. Moasje 2: syn fraksje fynt dat der in goede fergoeding foar riedsleden wêze moat. Hy hat him der wat oan ergere dat de P.v.d.A. mei dizze moasje kommen is. Syn fraksje kin net ynstimme mei dizze moasje. Moasje 3: yn de kommende kommisjegearkomste sil dizze saak mei- nommen wurde. Moasjes 4 en 6: it is him net krekt dúdlik hoe't it kolleezje it fierdere ferrin hjirfan sjocht. Fynt it kollee zje dat dit it bedrach wêze moat en gjin sint mear? Moasje 5: kin yn kombinaasje mei moasje 1 sjoen wurde. Syn fraksje fynt dat der net earder jild beskikber steld wurde moat dan dat der in belied/plan is. Yn de kommende kommisjegearkomste kin der praat wurde oer moasje 7. De hear Van der Baan freget him óf wat "gefoeliger foar de merk" eins betsjut. Hy fynt dat de politike partijen yn it foarste plak in konsept dellizze moatte en de politike partijen sille der yn in diskusje stjoering oan jaan moatte. Hy krijt no de yndruk dat it belied op in pragmatyske wize ynfold wurdt. Twa jier lyn is it sosjaal-kulturele wurk op in leech pitsje steld. No wolle deselde partijen dat eins wol wer oars. Dus fan in kon- stant belied is gjin sprake. Hy is der wol bliid mei dat de ried ta de üntdekking komt dat de maatskiplike kant fan it belied ünderbeljochte wie. Syn fraksje sil him tenei net wer ûntlûke oan in stimming sa as tiisdei lêstlyn. Hy hat him de wurden fan de foarsitter oanlut- sen. Hy fynt it foar in ienriedige gearwurking wichtich dat der in oerlis tusken de fraksjefoarsitters is. Spitich dat dat oant no ta net bart Hy is der tige mei ynnommen dat it kolleezje komt mei in útstel oer de ynfolling fan delegaasje en mandaat. De algemiene skógings moatte neffens him net samar ferdwine. Der sil keazen wurde moatte foar in oar model. Syn fraksje fynt dat eltsenien de gelegenheid hawwe moat de riedsstikken te krijen. As it dan net fergees kin dan soe hy oanstean op in bedrach fan f 10,00 oant f 15,00. De ried sil him der bewust fan wêze moatte dat de gemeentebegrut- ting hiel bot beynfloede wurdt troch it ryk. It rapport Nederland 2030 hâldt in ûngeloksscenario foar Fryslân yn. Hy sitearret in lyts stikje út it rapport wei. De tsjinstel- ling tusken Noard-Nederlân en de rest fan it lân sil hyltiten grutter wurde. Hy is wiis mei it positive antwurd oangeande it boskpark by Grou en de wentebou. By de wentebou bestiet it gefaar dat der tefolle huzen boud wurde en dat dêrtroch leechstân yn'e doarpen üntstean kin. Hy wol befoarderje dat der ek yn de lytse doarpen boud wurdt De Meagere Weide soe miskien wol in goede fytspaadferbining wêze kinne. As it as sadanich ynrjochte wurde koe komt it kolleezje syn fraksje in hiel ein yn 'e mjitte. By de óffalheffing wurde de dalende kosten net trochberekkene wylst de stiigjende kosten wol meltelle. By in kostendekkend taryf sa't de ried dat wol soe mei beide rekken hâlde wurde moatten N0T14110/H/BR0UWERJ/27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 30