- 32 - 3Behandeling van de antwoordnota inzake de gestelde vragen ten aanzien van de begroting. De hear Van den Berg seit dat krekt as foar de algemiene skôgings jildt dat ek de antwurdnota eins te let komt. Hy hie him leaver by de kommisjegearkomste hân dan hie der dêr wiidwei- dich oer praten wurde kinnen. Dan hie de begrutting hjoed ek sünder dizze ekstra slach, mei miskien noch mear diskusje, fêst- steld wurde kinnen. Der binne ridlik wat fragen steld. Yn in protte gefallen hie hy leaver in sterker antwurd fan it kolleezje hawwe wollen. De besteging fan jilden út ünfoarsjoen bliuwt in diskusjepunt Syn fraksje stipet de kombinearre belestingoanslach. Op de punten bibleteek en sport wachtet syn fraksje de diskusje yn de kommisje óf. De soarch oer it ûnderwiis is noch net alhiel by him weinommen. Hy wol graach de finger oan de pols hâ 1de omt it in wichtich beliedsfjild is dêr't in protte barre moat de kommende tiid. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje graach wol dat yn it opliedingsplan de nedige oandacht oan it Frysk bestege wurdt. Hy fynt dat it tefolle dat betelle is oan óffalstoffenheffing werom- betelle wurde moat. It hat him bliken dien dat der gjin goed ûndersyk dien is nei de swierrichheden oangeande de fynberens fan adressen yn Aid Friesmahiem. Der is in protte betizing by de postbesoarging omt der foardoarren oan sawol de Lynbaenstrjitte, de Nij Djipstrjitte as oan de Mr. P. J. Troelstrawei sitte. Hy hat in fraach steld oer it óffieren fan óffal net út it marre- gebiet mar út de konteners yn de beboude kom weiIt soe in geweldige foarútgong wêze as dy konteners yn 'e simmer eltse dei lege waarden. Yn e mearjierrebegrutting wurdt in hiel grut bedrach útlutsen foar de Meagere Weide en de Oeble-om-weiOan dy diken steane yn totaal 9 wenten. Hy fynt de grutte opknap beurt oerstallich. Hjir en dêr in bytsje oplaapje soe foldwaande wêze. Hy kin him wol fine yn it geskikt meitsjen fan Meagere Weide en Stûkloane as fytspaad. Syn útstel oangeande it abonne- mint op de riedsstikken bliuwt oerein. As it dochs te djoer wurdt stelt hy út de riedsstikken fergees te jaan en de kommisje- stikken net. No is it krekt oarsom. De hear Van den Berg seit dat foar de minsken no krekt it sprek- rjocht yn de kommisjegearkomste is. Sy moatte dan dochs ek oer stikken beskikke kinne. De hear Postma bliuwt finen dat de keppeling kommunikaasjeplan riedsstikken net krekt is. Mevrouw Aukes is het daar mee eensOp de begroting staan nog andere posten voor interne en externe communicatie en promotie van meer dan f 250.000,00. Daar moet dan maar de ruimte worden gezocht voor het kosteloos beschikbaar stellen van de raadsstuk ken. De hear Roorda seit dat syn fraksje it besprekken fan allinne de konsernrapportaazje wat meager fynt. Hy hie leaver ek de maraps yn de kommisje behannele hawwe wollen. Syn fraksje mist dochs wol it omf reeg jen yn de riedsgearkomste. Wol it kolleezje dat punt dochs nochris serieus besjen omt der by fraksjes ferlet is fan it ynspyljen op de aktualiteit. N0T1411/0/H/BR0UWÏRJ/32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 35