- 33 - De tasizzing oangeande de precariorjochten sprekt him tige oan. Hy wol graach mear ynsjoch yn it iepenbrekken fan besteande kontrakten oangeande de ferwizingsbuorden. De foarsitter is it mei de hear Van den Berg iens. Yn it nije jier sille, en de ried it dêr mei iens is, de algemiene skôgings by de maitiidsnota halden wurde. It ynisjatyf foar de besteging fan ûnfoarsjoen leit by it kollee- zje. Dat nimt net wei dat de ried mei útstellen komme kin. Maat regelen dy't fan it ryk komme kinne mar út ien post wei finan- searre wurde, ûnfoarsjoen. It bliuwt ek dêrom ferstannich de finger oan de pols te halden. It Frysk krijt fansels omtinken yn it opliedingsplan. Foar safier him bekind binne der gjin klach ten oer de postbesoarging binnenkaam yn Aid Friesmahiem. De hear Van der Baan seit dat it ek oer it ambulanceferfier giet. De foarsitter seit dat it kolleezje ree is noch in kear der nei te sjen. Hy docht de tasizzing dat der foar de simmer besjoen wurde sil oft de frekwinsje fan it leegjen fan konteners yn 'e beboude kom ferhege wurde kin. De Meagere Weide is in agraryske ûntslutingsweiOm dy reden allinne al is it ferantwurde dy dyk op te knappen. DiZze foarse ynvestearing is de goedkeapste manier om ek op lange termyn in goede dyk te hawwen. Oft dy dyk ek as fytspaad brükt wurde kin sil yn it ferkearsbeliedsplan meinommen wurde. De hear Postma hat gelyk dat de keppeling kommunikaasjeplan en riedsstikken net korrekt is. Hy wol graach witte oft de ried him fine kin yn de ynstek fan it kolleezje. Maraps kinne altiten ynsjoen wurde. As de ried op haadlinen bestjoere wol leit it net yn de rede om de maraps yn de kommisje te besprekken. In omfreegjen yn de riedsgearkomste is net ferstannich. Fragen binne op syn plak yn de kommisje. Op in pear punten lizze noch kontrakten oangeande de ferwizings buorden. Dy moatte earst ôfwikkele foardat der in goede nije regeling makke wurde kin. De problematyk oangeande permaninte bewenning fan rekreaasjewen- ten en arken hat it omtinken fan it kolleezje. Mefrou Santema freget oft de Stûkloane net by it opknappen fan Oeble-om-wei en Meagere Weide heart as der oerwage wurdt dêr in fytspaad neist te lizzen. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 16.45 oere foar in lyts skoft. Hy weriepenet de gearkomste om 17.00 oere. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Motie l:(belied sosjaal kultureel wurk) Het college heeft deze motie overgenomen. Motie 2:(riedsfergoeding) Is ingetrokken. NOT1411/0/H/BROUWERJ/33

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 36