GEMEENTE BOARNSTERHIM
Ferslach fan 'e ekstra gearkomste fan e gemeenteried fan Boarnster-
him hâlden op 14 jannewaris 1997 om 18.00 oere yn it riedhûs yn Grou.
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
Oanwêzich: de dames D.J.Aukes-Huizinga; K. van den Berg-Wiersma (wet-
hâlder); T. de Boer(wethâlder); R. Santema-Jansma; en L.
Veldstra-Lan inga en de hearen K.G. van den Berg; A.M. de
Jager; H.A. Jonkers; D. van der Meulen, A.P. Oosterhof,
H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethâlder);
H. Veldstra en J. Zijlstra.
Ofwêzich: de hear J.A. van der Baan.
Foarsitterde hear Y. Dijkstra
Siktarismefrou A.M.E. van der Sluijs
o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o
De foarsitter iepenet de gearkomste, dy't útskreaun is op fersyk
fan 'e fraksjes fan it CDA, D66, WD en GB2000. Hy hjit alle oanwêzi-
gen hertlik wolkom en jout it wurd oan de heer Van der Meulen.
De hear Van der Meulen. It is jûn op 'e kop óf 4 wike lyn dat wy hjir
ek sitten hawwe oer de fakatuere fan mefrou De Boer. Wy tinke dat it
no langernóch duorre hat en dat der no dúdlikheid komme moat oer
hoe't de gemeente oant de ferkiezings ta bestjoerd wurde moat. Dy
dúdlikheid is nedich foar ús ynwenners en ek foar ús organisaasje om
te witten wêr't men oan ta is. Wy wolle dan ek yn besprek jaan hoe't
wy de kommende perioade fierder moatte. Wy hawwe de fraach by de
partijen del lein om dy funksje yn te foljen. Dat is oant noch ta
spitigernóch net slagge. Mar wy moatte dochs fierder. Wy moatte dat
op in goeie manier dwaan, mei in brede basis, sa dat wy op in goeie
stipe út 'e ried rekken je kinne. Wy hoopje dat wy fan 'e jûn dy
stipe fan 'e partijen út 'e ried krije kinne.
De hear Van den Berg. Om koart te gean slút ik my oan by de foarige
sprekker. Feitliken hawwe wy op 20 desimber foar de earste kear oer
de sitewaasje praat. Dêrby lei de fraach foar - sa't jo ek yn jo
útnoeging steld hawwe - hoe folje wy de fakatuere yn. Ik konstatear-
je dat yn dy gearkomste op dat punt gjin helderheid jûn is. Dy fraach
is eins lizzen bleaun. Ik tink dat dy fraach noch hieltyd foar leit
oan 'e ried en ik tink dat it sinfol wêze kin yn dizze riedsgearkom-
ste meiinoar te praten oer dy fraach en oan de hân fan de útkomsten
dêrfan te sjen nei de fierdere takomst.
De foarsitter. Nei 't wy de hearen Van den Berg en Van der Meulen
heard hawwe is it op himsels wol dúdlik wat de fjouwer fraksjes be-
weecht om hjir jûn byelkoar de kommen. It wurd is no oan 'e ried om
te reageaen.
FERSLACH.ERG/BS/CB/H0EFG/1