- 3 -
Under in lange "schorsing" hie ik der al rekkening mei hélden dat de
dêrby belutsen fraksjes mei in nij kolleezje komme soene. Of dat no
yn it beried oan 'e oarder west hat? Wat der no krekt al of net bard
is en werom dat wite wy oant op 't heden net. Konklúzje dy't je lûke
kinne is: de wethélders dy't der noch sieten, koene bliuwe en mochten
harren wurk fuortsette.
Dan lei noch de tredde opsje foar, de fraach oer it ynfoljen fan 'e
ûntstiene fakatuere. No't oan de beide earste opsjes gjin gefolch jûn
wie, wie de tredde opsje: Wy leverje in tredde wethélder. Dat hat
eins hielendal net oan 'e oarder west. De ried hat him net útsprut-
sen oer de fakatuere dyt't ûntstien is. Dêrom hawe CDA en D66 byel-
koar sitten en sjoen hoe moatte wy no fierder. De útkomst fan dat
oerlis wie dat wy ûnferoare ús ynsette soene foar it ynfoljen fan 'e
fakatuere, mei in kandidaatwethélder út de WD, dan wol de FNP of
GB2000
Wy hawwe dy fraach earst foarlein oan 'e WD. Wy hiene in bytsje de
yndruk dat wy op 'e goeie wei wiene, mar spitigernôch moasten wy
konstatearje dat wy der net útkamen en dat wy net fan 'e WVD-side in
kandidaat foardroegen krigen. Wol wie men ree om steun te ferlienen
ûnder it motto Mei twa kin it ek wol." Dêrnei hawwe wy dy fraach
foarlein oan 'e FNP en dêr moasten wy fernimme dat ek de FNP net by
steat wie in kandidaat wethélder te leverjen. Foar harren jilde ek
de reewilligens om steun te ferlienen oan 'e sittende wethélders. By
GB2000 hawwe wy de fraach ek foar lein en dêr ek wie it antwurd:
"Gjin wethélder" mar wol de reewilligens om steun te ferlienen, mar
gjin steun sûnder betingsten. It mei helder wêze dat it freegjen om
"steun sûnder betingsten" nimmer 'út in stik of út in dokumint fan
D66 en CDA te heljen fait. Dy eask hawwe wy nimmer op 'e tafel lein.
Hjoed ek kinne wy dêr noch wer stikken oer léze yn 'e Mid Frieslan-
der. Wy hawwe de ferwachting en de winsk útsprutsen om steun en wy
binne ús hiel wol bewust dat politike steun in priis hat. En wy hiene
dy priis graach hearre wollen. Jo kinne jo foarstelle dat wy mei de
útkomst net bliid binne. Der is feitliken gjin sicht op in tredde
wethélder, der leit in advys om fierder te gean mei de twa sittende
wethélders en dat op basis fan in noch neier te formulearjen steun-
foarm. Wy hawwe ús as CDA en D66 ek op dat antwurd beret. Dat hat der
ta laat dat wy op in stuit foarsteld hawwe om in ûnôfhinklike advi
seur, fan bûten de gemeente Boarnsterhim, yn te skeakeljen dy't op
basis fan in analise fan de hjoeddeiske stén fan saken oan 'e gemeen-
teried útstellen dwaan soe die liede koene ta in wurkbere sitewaasje.
Wy hawwe dat brief foarlein oan alle fraksjes fertsjintwurdige oan
dizze tafel. Ik haw harren ôfsûnderlik benadere en op 'e hichte
brocht fan it brief en fan it feit dat ik alle partijen ôfsûnderlik
benadere haw. Us konklúzje moast wêze dat der gjin steun wie fan 'e
side fan WD, FNP en GB200 en dat dêrmei yn wêzen ús ynisjatyf net
mear in folweardich ynnisjatyf wie. Wy hawwe it dan ek oan 'e kant
skood. Der is -no eins noch mar ien opsje, trochgean mei de twa sitten
de wethélders. Want by nafraach hat bliken dien dat de Partij van de
Arbeid net ree is in wethélder te leverjen. Dy opsje is eins foar D66
net akseptabel, omdat de PvdA as grutste fraksje har ûnttrekt oan it
dragen fan bestjoersferantwurdlikensEn dat ûnder it mom fan: "Wy
steane oan 'e sydline, wy wachtsje efkes óf." Ek net akseptabel omdat
wy eins konstatearje moatte dat der ek fan 'e kant fan WD, FNP en
GB2000, hoewol't sy beskikke oer romme bestjoerlike ûnderfining,
politike feardigens en kennis en kwaliteiten net by steat binne in
wethélder te leverjen. Ek net akseptabel omdat yn ófwiking fan it
riedsprogramma en it kolleezjewurkplan ynstee fan trije wethélders no
twa wethélders de kar lûke moatte, wylst der yn't foar dochs sprake
wie fan "overbeladen" portefuljes, dêr't wat oan dien wurde moast.
FERSLACH.ERG/BS/CB/H0EFG/3