ly
- 8 -
As dat no net kin betreur ik dat en ik fyn dat dat de oannimlikens yn
'e polityk op himsels oantaast. De boargers fan dizze gemeente hawwe
rjocht op in sa sterk mooglik deistich bestjoer. Men moat hjoed de
dei slachfeardich operearje kinne. As de ried neilit om sa'n deis
tich bestjoer te formearen, dan wol ik graach opmurken hawwe dat ik
dat betreur.
De foarsitter ûnderbrekt de gearkomste om 19.35 oere.
Hy weriepenet de gearkomste om 19.50 oere.
Mefrou Velstra Ik hie om in ûnderbrekking frege omt ik efkes mei de
partijleden oerlizze woe. Wy hawwe de moasje besjoen en wolle graach
noch efkes fan gedachten wikselje mei alle partijen. Sy freget dèrom
nochris om in ünderbrekking
De foarsetter ünderbrekt de gearkomste om 19.51 oere op 'e nij
Hy weriepenet om 20.00 oere.
Mefrou AukesEr is zojuist overleg gevoerd over de motie met de
partijen die hem ingediend hebben en met andere partijen die daar nog
over wilden praten, te weten de FNP, GB2000 en de WD. Zij hebben
gemeend een zin aan de motie te moeten toevoegen. De motie blijft dan
overeind, maar eindigt met de zin: "Zodat het college van burge
meester en wethouders voort kan gaan met de uitvoering van het vige
rende collegewerkprogranmmma 1994-1998, MET DIEN VERSTANDE, DAT DE
RAAD ZIJN POSITIEF-KRITISCHE HOUDING HANDHAAFT, en gaat over tot de
orde van de dag. Met die motie kunnen wij leven.
De moasje wurdt yn stemming brocht.
Foar stemme: H.G. Postma, mefrou R. Santema-Jansma, mefrou L. Veld-
stra-Lantinga, mefrou D. Aukes-Huizinga, mefrou K. van den Berg-Wier-
sma, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof,
K.G. van den Berg, J.H. Smittenberg.
Tsjin stemme: J.Roorda, H. Veldstra, J. Zijlstra, T. Lolkama en me
frou T. de Boer.
De foarsitter. De wizige moasje is mei alve stimmen foar en fiif
tsjin oannommen. Dêrmei hat de ried yn mearderheid besletten om it
fertrouwen út te sprekken yn it sittende kolleezje, de krityske hal-
ding te bewarjen en mei twa wethâlders fierder te gean.
De foarsitter slút de gearkomste om 20.05 oere en winsket elkenien
wol thús
Sa fêststeld yn 'e iepenbiere gearkomste fan 18 febrewaris 1997,
de siktaris,
(mefrou A.M.E. van der Sluijs)
FERSLACHERGBSCBHOEFG8