- 3 - Nummer B 2 De foarsitter seit ta de kommisje op 'e hichte te bringen fan it ferrin fan saken oangeande it brief dat de famylje De Vries skreaun hat Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4. Voorstel tot het machtigen van burgemeester en wethouders tot het aangaan van vaste geldleningen. De foarsitter antwurdet de hear De Jager dat it kolleezje as in goed keapman mei dizze saken omgean sil. Vervolgens wordt zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 5Voorstel tot machtiging aangaande kortlopende financiering voor het iaar 1997. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot vaststelling van een verordening subsidiëring jeugd- sport De hear Roorda seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei de subsydzje. Jeugdsport is tige wichtich. Noch tefolle jongerein hâldt op mei sporten en dat is tige spitich. Benammen foar de lytse ferienings is it dreech de holle boppe wetter te hâlden. Om it grutte ferskaat oan sportferienings yn Boarnsterhim te behâlden stelt syn fraksje foar de feroardening ta foardiel fan de lytse ferienings te feroarjen. Hy tsjinnet dêrta in amende- mint yn. Alle ferienings krije dan in basisbedrach en dêr boppe op in bedrach it jeugdlid. Artikel 5 soe as folget wizige wurde moatte: de subsidie wordt door burgemeester en wethouders vastge steld door het door de raad beschikbaar gestelde bedrag alsvolgt te verdelen: 1/3 deel van het bedrag te delen door het aantal verenigingen en 2/3 deel van het bedrag te delen door het aantal jeugdleden voor zover de vereniging op grond van deze verorde ning voor subsidiëring in aanmerking komt. De hear Postma seit dat it útstel feitlik in frij generike maat regel is. Dat wurdt befêstige troch de opmerkings fan de foarige sprekker, dy't ûnder oaren eins in foarm fan eksploitaasjesubsyd- zje wol as kompinsaasje foar de hege tariven en lidmaatskipsjil- den. Hy freget him óf oft dat no de bedoeling fan it útstel fan it kolleezje is. Syn fraksje is fan betinken dat yn it ramt fan it te ûntwikkeljen sportbelied mear spesifike beliedsdoelen formulearre wurde moatte. Bygelyks it kreëarjen fan mooglikheden foar de jongerein om troch te groeien yn harren sport. De hear Van den Berg is it mei de foarige sprekker iens. Yn it ramt fan de sportnota moat ek sjoen wurde nei it belied foar de j eugdsport Mefrou Santerna slüt har oan by de foarige sprekkers. It moat net sa wêze dat yn 'e takomst jongens sa as Ids Postma en Jan Nij- boer bûten de boat falie en gjin grutte kampioenen wurde kinne. Hoe mear der yn 'e regeling omnifele wurdt hoe lytser de be dragen foar de yndividuele sporter wurde. Want, seit de fisker, it is mear as neat en hy helle in kikkert út de fûke. N0T21010/H/BROUVERJ3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 51