- 4 - Dat léste liedt ta in hüd fol wurk en lost faaks yn de praktyk foar in lyts part fan dy groep it probleem op, mar it grutste part bliuwt sûnder help. Ek tusken ried en kolleezje is in tekoart oan gearwurking. Ynformaa- sje nei de ried ta is neffens ús beneden nivo. Sifers jowe oan dat yn 1996 der 40% minder útstellen oan de ried dien waarden yn ferliking mei 1992. Dochs binne der frijwol gjin delegaasje- en mandaatbesluten yn de ried nommen om soks te ferklearjen. By werhelling lizze der by de riedstikken net de needsaaklike stikken. Fierder waard sûnder ynstemming fan de ried ündermear in húsfestings-ûndersyk ynsteld. Neffens ús leit der gjin riedsbeslüt datoangeandeDêrnjonken sette wy grutte fraachtekens by de sponsoring fan in boattocht troch it buro BMC. Soks heart de ried foarlein te wurden. No't der noch gjin oplossing leit foar de sport en de bibliotheek liket it ús net goed en kar de begrutting goed of it kolleezje soe op de begrutting in ekstra post opnimme moatte ûnder p.m. It petear mei de boargers yn de deistige praktyk is net al te bést. Njonken it misferstean en de al mar utere klacht oer it net beander- jen fan brieven yn twadde ynstânsje jout it kolleezje in hiel oar en folie optimistysker lûd. Feriit yn earste ynstânsje in kommunikaasje- plan. Dér wêr't it net goed is moat it persoaniel oansprutsen wurde. Soargje dat de klachten op ien buro telâne komme. Lit dy man of frou der mei réde. Yn it kommende jier ferwachtsje wy fan it kolleezje dat der minder ôfweken wurde sil fan besteand en wenstich belied, dat ündermear yn de foargeande perioade nei foaren kaam yn ôfwikende besluten oangean- de de brêgetiden, detailhandel Akkrum en Grou, handikaptenbelied, it net weromjaan fan de fermindere reinigingskosten, de hüsfesting fan jongeren te Akkrum, it bestimmingsplan bûtengebiet en in oan te fjochtsjen gebrük fan it wurkgelegenheidsfûns (de Mar). Om romtlik foar Grou ta in oplossing te kommen soene wy wolle dat it kolleezje yn de kommende tiid de ütwreiding nei it noarden ta deeglik ûndersiket en dan dêrby in oplossing foar de ûndermaatske brêge oer de Rjochte Grou. Dêrby sil ek it feilichheidsaspekt foar de ynwenners besjoen wurde moatte. Yn it opliedingsplan soene wy oandacht freegje wolle om it Frysk yntergraal plak te jaan. It sosjaal jierferslach sille wy graach stypje. Foar de abonnemintshâlders fan de riedstikken is de priis sadanich dat in grut part it abonnemint opsein hawwe. In fergees abonnemint leit mear foar de hân at wy de bân mei de boargers fuortsterkje wolle en de ynteresse hanthavenje. By it einoardiel sille wy net ynstimme mei de ferheging fan de ûnre- plikguod-belesting en stelle wy út it taryf fan it opheljen fan de smoargens te ferleegjen mei it bedrach dat no as "voorziening" efter- hâlden is. Yn de mearjierrenynvestearring geane wy net mei yn de oanlis fan betonwegen fan de Oeble-om-wei en de Meagere Weide. Dér is in goedkeapere en better ferantwurde oanpak mooglik. As léste fersykje wy it kolleezje plannen ree te meitsjen foar it fytspaad Grou-Warten en yn it ynvesteringsplan alfêst derfoar in pm post op te nimmen. De FNP-fraksje freget it kolleezje oandacht foar de folgende saken dy't takom jier op it aljemint komme moatte soene. Opwurdearring faarferbining Grou/Jirnsum/Akkrum. De fanâlds besteande ferbining tusken Akkrum en it Middelseegebiet soe nije glans krije at stribbe wurdt nei ütwreiding fan de mooglikheden. De brêgen tusken Grou en Jirnsum soene dan op skûtsjehichte en skûtsjebreedte brocht wurde moatte. De Swin-Swette ferbining soe dér kreas op oanslute. N0T1411/0/H/BR0UVERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 7