- 10 - Der is troch de provinsje ûndersyk dien nei de kapasiteit fan de lisplakken. Der is plak foar in jachthaven by Akkrum, mar der moat fansels wol leafhawweij foar wêze. It kolleezje sil seis gjin stappen yn dy rjochting ûndernimme. As de ried fynt dat it wizigingsfoech oan de ried litten wurde moat dan hat de mearder- heid fan it kolleezje dêr gjin beswier gjin. As der yn de ta- komst wer ütgongspunten komme om oerienstimming mei Hiemstra Silobouw te krijen dan sil it kolleezje graach him dêr foar ynsette. It plan fan professor Daan is net yn' e papierkoer telâne kommen. De oarspronklike ütgongspunten fan Oranjewoud binne wer yn it plan brocht, mar op de markante punten mei behâld fan ideeën fan professor Daan. It advys fan Gunnar Daan hat allinne mar winst oplevere. Op fersyk fan de hear Van den Berg slüt de foarsitter de gearkom- ste tydlik om 22.00 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.20 oere. De hear Van den Berg seit dat it syn fraksje bliken dien hat dat syn amendemint net yn diskusje komme kin omt it net foldwaande stipe kriget. Mefrou De Boer seit dat har fraksje wiis is mei de tasizzing om it wizigingsfoech oan de ried te litten. Dat der in jachthaven oan de eastkant fan Akkrum komt kin har fraksje mei ynstimme. Sy is lykwols net sa wiis mei it plak sa't dat yn it bestimmings- plan stiet. Sy hie leaver de jachthaven mear rjochting de ryks- wei hawwe wollen. Foar it bepalen fan it plak fan de jachthaven wol har fraksje ek it foech oan de ried litte. Se freget it kolleezje ek yn it bestimmingsplan bûtengebiet omtinken te jaan oan in jachthaven tichteby de rykswei. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje fan betinken is dat in jachthaven oan de noard-eastkant fan it plan dêr net op syn plak is. Syn fraksje hie dat ünderdiel út it bestimmingsplan weiheije wollen. Dat de ried it wizigingsfoech krijt kin hy mei ynstimme. Hy makket de kantteken dat as der no in plak oanwiisd wurdt foar in jachthaven en in ûndernimmer meldet him oan jo no de yndruk wekke op planologyske grünen gjin beswier te hawwen tsjin in jachthaven op dat plak. Jo sille dan mei hiele goede arguminten komme moatte om it plan fan dy ûndernimmer te kearen. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje der mei ynstimme kin dat it wizigingsfoech oan de ried komt. Sy wiist der nochris op dat sy it tige spitich fynt dat der gjin ûndersyk west hat, mar miskien kin it noch. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje ek ynstimme kin mei it litten fan it wizigingsfoech oan de ried. Hy fynt lykwols it plak fan in jachthaven sa tsjin de beammen fan de dyk troch Birstum oan in better plak as yn it iepen gebiet tsjin de ryks wei oan. By de hear Veldstra bliuwt de fraach oerein oft de sterke punten fan it plan fan Gunnar Daan net noch better yn it plan ferwurke wurde kinne hiene. It giet dan om de parkachtige ferkearsûntslu- tingswei en de sichtlinen op 'e wettertoer. N0T1802/0/H/ BR0UVJERJ/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 11