- 12 - dat door diverse gemeenten initiatieven worden genomen, om de door de te lage uitkeringen ontstane armoedeproblemen tegen te gaan; dat het een taak is van de landelijke overheid te voorzien in een zodanige minimum uitkeringsniveau, dat een lokaal inkomensbeleid overbodig maakt, is van mening: dat het niveau van de minimum uitkeringen te laag is; dat het noodzakelijk is het niveau van de minimum uit keringen substantieel te verhogen, zodanig dat de koop kracht daardoor substantieel toeneemt, besluit: het college te verzoeken deze opvatting kenbaar te maken bij het kabinet. En gaat over tot de orde van de dag. Mefrou De Boer seit dat har fraksje bliid is mei it ynisjatyf fan CDA en D66 en dat sy de moasje stypje sil. It nivo fan de útkearings is echt te leech en dêr moat wat oan barre. Yn üs gemeente sitte 800 húshâldens ûnder as op it minimum. Se konsta- tearret dat alle fraksjes fine dat it nivo fan de ütkearings te leech is. Ek it CDA, dat lange tiid net entûsjast wie oer de oanfoljende maatregels (bysûndere bystân en bydrage maatskiplik ferkear) fynt no dat der wat barre moat. Mar it is mei sizzen allinne net te dwaan. De punten dy't mei de begrutting oannommen binne moatte no mei faas je oppakt wurde. Se trunet der op oan dat der gau nei de kjeldtaslach sjoen wurdt. As it risseltaat fan dielnimming óf fait moat der op 'e nij goede ynformaasje oan de minsken jûn wurde oer de bysûndere bystân. Datselde jildt ek foar de bydrage maatskiplik ferkear. As dat de kommende twa moannen bart kin der by de maitiidsnota besjoen wurde oft der eventueel noch mear barre moat. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje tige posityf is oer dizze moasje. It is ek posityf dat CDA en D66 mei dizze moasje kommen binne De hear Van den Berg seit dat syn fraksje net meiwurke hat oan it tastân kommen fan dizze moasje omt de namme D66 sa nedich ûnder de moasje stean moatte soe. Hy is der bliid mei dat de moasje riedsbreed stipe wurdt. It feit dat der meifallers binne mei net de oanlieding wêze om no te konstatearjen dat it nivo fan de ütkearings te leech is. It is troch dy meifallers miskien mooglik in strukturele oplossing ta stân te bringen. Mefrou Santerna fynt it moai dat de ried sa ienriedich is. Se hat har wol óffrege wêrom it no krekt de kolleezjepartijen binne dy't mei dizze moasje kommen binne. Sy gie fan sa min mooglik moasjes út om sa effisjinte en koarte gearkomsten mooglik te meitsjen. Har fraksje is tige posityf oer de moasje en freget noch omtinken foar de kjeldtaslach en de bysûndere bystân. De foarsitter seit dat troch de ûndertekening fan de moasje troch alle fraksjes dy eigendom fan de hiele ried wurden is. N0T180 20/H/BR0UVERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 13