- 2 - Nummer 3: Mefrou Santerna wol graach dit brief yn gearhing mei it alkoholma- tigingsbelied yn de kommisje behannelje. De foarsitter seit dit ta. Vervolgens worden de ingekomen stukken verder voor kennisgeving aangenomen 5Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat de leden Aukes, Van der Baan en Lolkama behindere binne de gearkomste by te wenjen. Nummer 2: De foarsitter seit dat net yn de meidieling opnommen is dat it gemeentehûs op freedtemiddei ticht wêze sil. Mefrou Santema tinkt dat de nije iepeningstiiden in positive útwurking hawwe sille. Troch har fraksje is faken de winsk út- sprutsen dat de gemeentewerf op sneontemoarn iepen wêze moatte soe. Gelokkich bart dat no. Foar de amtners sil it wol wennen wêze om op ûngerieflike tiiden te wurkjen. De foarsitter betanket har foar de freonlike wurden. Vervolgens worden de mededelingen verder voor kennisgeving aan genomen 6Voorstel tot het voeren van een rechtsgeding. De hear Veldstra wol graach op 'e hichte halden wurde fan de ûntwikkelingen. De hear Oosterhof fynt it spitich dat it sa lang duorre hat ear't dit rjochtsgeding opstarten wurdt. Hy hie leaver sjoen dat it al regele wie foardat it bestimmingsplan fêststeld wurdt. Mefrou Veldstra freget wêrom 't de hear Niemarkt wegeret om mei te wurkjen oan de levering fan de grûn. Hat dat miskien wat te krijen mei de fersmoaring fan 'e grun? Wat binne de finansjele gefolgen as de gemeente it geding ferliest. De foarsitter seit ta dat de ried troch de kommisje op 'e hichte hâlden wurde sil. It wie yndied nofliker west as it geding al west wie. Dat it sa lang duorre hat hat te krijen mei de aard fan de proseduere en de formaliteiten dêryn. It kolleezje is fan oardiel dat alles goed regele is. Der moat dan ek net fan negati- ve scenario's útgien wurde. Mei de eigener fan de grûn binne heldere ófspraken oer de keappriis makke. Hokfoar oerwagingen de ferkeaper hat is net maklik fêst te stellen. It giet hjir om in ienfâldige oerienkomst en op basis dêrfan kin de grûn levere wurde. Nochris, it kolleezje giet net út fan neidielige gefolgen fan dit geding foar de gemeente. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. N0T1802/0/H/BR0UVERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 3