- 4 - De finansjele streamen moatte goed yn 'e gaten hâlden wurde om rinteferlies yn it foar te kommen. Der leit in betellingsfer- plichting fan de gemeente dy 't nedich is om it rekreaasjebestek út te fieren. Ballast Nedam betellet de gemeente út de eksploi- taasje wei werom. Hy seit ta om regelmjittich ferslach te dwaan fan de fuortgong fan it projekt. It kolleezje is der fûl op om de ferliezen te beheinen It wurk kin aanst gau klear wêze. De akte fan oplevering sil sa omtrint medio dit jier opmakke wurde. De rekreaasje-enclave dy't troch dit plan ûnstiet is in moai gebiet. It fertsjinnet oanbefelling dat it gebiet sa folie as mooglik iepen hâlden wurdt. Yn de eksploitaasje fan dat gebiet sil de gemeente net alles seis dwaan moatte. Dat moat oerlitten wurde oan it partiku- lier ynisjatyf. As it yn it ramt fan it behear nedich is sil der goed oerwûgen wurde moatte oft de gemeente seis bygelyks it gebou yn behear hâlde sil as dat grün en it gebou ferkocht wurde moatte. Yn de kommisje is der oer de foarsjennings praten. It is goed om de lokale befolking dêr ek oer te hearren. De gemeente sit net maklik as it giet om de 5B-struktuer Hy docht de tasizzing dat der ynsjoch jûn wurde sil yn de 5B- struktuer. In protte projekten komme foar sa'n subsydzje yn oanmerking. As dy oanmelden wurde foar subsydzje moat de gemeen te ek romte frijmeitsje foar ko-finansiering. En dat is faak net mooglik. Dêr sit dus in grut stik spanning yn. It kolleezje stelt him dan ek foar foar projekten dêr't "frjemde" finansie- ring foar nedich is eltse kear de fraach te stellen oft der romte is foar in eigen bydrage. Yn it ferline is dat net altiten slagge. De hear Oosterhof is wiis mei de wurden dy't de foarsitter sprut- sen hat oer de eksploitaasje fan bygelyks in geboutsje yn it rekreaasjegebietDe gemeente moat net wer fersile reitsje yn in posysje lykas by De Twine en Yn 'e Lijte. Mefrou Santema is der wiis mei dat der no in rekreaasjegebiet makke wurde kin dat tagonklik is foar sawol de toeristen as de eigen ynwenners. De hear Postma seit dat syn fraksje ynnommen is mei it útstel Hy hat lykwols it gefoel dat der neist de 2,2 miljoen noch risi- ko's yn de loft sitte. Dy risiko's moatte neffens him dekt wurde út dizze 2,2 miljoen. De foarsitter seit dat it saak is alles goed foarelkoar te haw- wen. Problemen hoege der dan net te wêzen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 11Voorstel tot wijziging van artikel 4 lid e. van de Woonschepen verordening Boarnsterhim. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. N0T180 20/H/BROUVERJ4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 5