- 5 - 12Voorstel voor het verstrekken van een krediet ten behoeve van groot onderhoud aan wegen. Mefrou Veldstra freget wêrom der ôfweken is fan it program út de mearjierrenbegrutting. By de behanneling fan de begrutting hat. har fraksje beswier makke tsjin de útfiering yn betonwegen yn dit útstelIn lichte ûnderhâldsbeurt wie neffens har ek fol- dwaande west. Se freget oft de fytspaden by de Stûkloane en de Meagere Weide ek meinommen wurde sille. De foarsitter seit dat yn de kommisje wiidweidich oer de fersko- wing fan wurksumheden praten is. Foar de dyk Jirnsum nei it westen wurdt mear tiid frege foar ûndersyk. Dy dyk hat in fer- kears- en in lânboufunksje en dat moat op in goede manier kombi- nearre wurde. It kolleezje wol ek oerlis hawwe mei de oanbelang- jende bedriuwen. Nei ûndersyk docht bliken dat wat kwaliteit, duorsumheid en ûnderhâld oanbelanget beton goedkeaper is as asfalt. De fraach nei bettere fytsfoarsjennings tusken Warten, Wergea en de Fone- jachtbrêge is regelmjittich oan 'e oarder west. De diken dy't der no lizze kinne in hiele goede fytsfunksje hawwe. It kollee zje komt werom nei de ried om dêrfoar ek ferkearsmaatregels te nimmen. Ek foar it noch ûntbrekkende stikje is der omtinken. De hear Roorda freget oft it ek mooglik is by de ófrekken yn de kommisje in beskóging te hawwen oer de opbou fan it produkt "wegen" De foarsitter seit dit ta. Mefrou Santerna seit dat de fytsers harren wol op in feilige manier op de betondiken bewege kinne moatte. Betondiken binne net sa breed en it boere-ark wurdt hyltiten breder. Ek is der it gefaar fan djippe spoaren neist de diken. De foarsitter seit dat it kolleezje oer datlêste ek soargen hat. Ut in oriëntaasje yn Drinte en Noard-Hollân hat bliken dien dat fytsers en boere-ark elkoar prima ferstean op smelle betondiken. Op de dyk fan Grou nei Warten is dat net it gefal Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 13Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het leveren van een bildrage aan het initiatief van de werkgroep "alcohol en verkeer tijdens de Sneekweek". De hear Roorda seit dat syn fraksje foarstanner is fan in alko- holprevinsjebelied. Dochs sit hy mei dizze kredytoanfraach omt it effekt foar de eigen ynwenners net grut is. De gemeente Snits hat in ambisjeus program yn elkoar set mei as kearn de borrelbus dy't rjochte is op de SúdwesthoekeFerkearskontrole fynt ek net yn ús gemeente plak. It iennichste wat oerbliuwt binne de saneam- de mottoboerdenIt is noch net iens bekind wêr 't dy boerden delsetten wurde sille. Syn fraksje fynt dêrom dat it kolleezje it útstel mar werom nimme moat. Mefrou Santema seit dat de gemeente tsjin boerden yn it bûtenge- biet is. Wêrom wurdt der dan no ófweken fan dat prinsipe. Har fraksje is dan ek tsjin dit útstel. N0T1802/0/H/BR0UVERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 6