- 8 - Se wol graach in tasizzing fan de wethâlder yn dy rjochting. It byldkwaliteitsplan is noch net oan de ried foarlein. Har fraksje trunet der by it kolleezje op oan dat earst fêst te stellen foardat de earste boufergunning de doar útgiet. Op de opmerkin gen fanút de kommisje wei mist sy de reaksje fan it kolleezje. Har fraksje is it iens mei it net grûndearre ferklearjen fan de beswierskriften. Se is der bliid mei dat it kolleezje nochris mei klam sein hat dat der earst in ferfangend sportfjild komme sil foardat it âlde oeral helle wurdt. Se freget omtinken foar it ekologyske en duorsume bouwen dêr't ek de Miljeugroep Akkrum op oantrunet. In nij punt is it útstel foar de punt tusken rykswei en spoar. It kolleezje hat net reagearre op it ferhaal oer de jachthaven wylst der troch ferskate fraksjes wol wat oer sein is. Har fraks je fynt wol dat der yn Boarnstee in mooglikheid wêze moat om boaten oan te lizzen. Se is net sa ynnommen mei it plak dêr't de jachthaven situearre is. As de jachthaven wat mear nei de ryks wei ta komme soe te lizzen dan fait de haven wat mear fuort yn it byld fan de rykswei. Boppedat is it doarp dêrwei ek makliker berikber. Har fraksje stelt út om foar it plak fan de jachthaven en ek foar it gebiet tusken rykswei en spoar it foech fia arti kel 11 WRO by de gemeenteried te lizzen. De hear Van den Berg kin him it punt fan de wentebou oanslute by de wurden fan mefrou De Boer. Hy hie graach it ôfwikende stân- punt fan wethâlder Smittenberg yn it útstel opnommen sjoen. Syn fraksje hat fanôf it begjin tsjin de lokaasje fan de jachthaven west omt dy op dat plak lânskiplik net past. Hy hie leaver op in oar plak praten oer al as net in jachthaven. De sjochwizen dy't minsken ynstjoerd hawwe litte ek de betizing tusken al as net in jachthaven sjen. Foarkar hat hy foar in situearing by Tusken de Marren. Syn fraksje is fan doel op dat punt in amendemint yn te tsjin jen. Hy wachtet de diskusje óf om te sjen oft dat amende mint helber is. By in tal beswieren kin hy him wol wat foarstel- le. In aktiviteit fan dit formaat sil lykwols altiten konsekwins- jes hawwe foar minsken dy't der deun by wenje. Der is as taljoch- ting op in sjochwize troch de abbekaat tasein dat der jurispru- dinsje tastjoerd wurde soe. Dat is net bard. It sportfjild sil al direkt by it begjin fan de aktiviteiten yn Boarnstee fer- pleatst wurde moatte. Hy wol it part fan it beswierskrift fan de Miljeugroep Akkrum dat oer de jachthaven giet grûndearre ferk- learje. Der moat fansels romte yn it plan wêze foar duorsum bouwen Mefrou Veldstra seit dat har fraksje de jachthaven út it bestim- mingsplan weihei je wol. Neffens it plan is wiziging fan de bes- timming mooglik as der in konkreet plan foar in jachthaven yn- tsjinne is. Yn juny 1994 hat de foarsitter tasein dat der in ündersyk komme soe nei de mooglikheden fan in jachthaven. Har fraksje stelde dat bot op priis. Ek oare fraksjes dielden dy miening. Yn de kommisjegearkomste fan novimber 1996 hat har fraksje frege wêrom't it ündersyk net útfierd is. Sy stelt út de jachthaven út it bestimmingsplan te heljen en dêr apart op werom te kommen. De hear Veldstra seit dat de hear Gunnar Daan in jier lyn mei in kwalitatyf heechweardich plan kommen is. Yn novimber 1996 blykt dat dat yn 'e papierkoer ferdwûn is. Wat wie de reden dêrfan? En wêrom hat de ried dêr gjin berjocht fan hân? N0T1802/0/H/BROUVERJ8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 9