- 10 - Mevrouw Aukes zegt dat er inhoudelijk niet veel valt te zeggen over de voorjaarsnota omdat er over verschillende zaken pas in het derde kwartaal informatie wordt verstrekt. Zij heeft in zijn algemeenheid ervaren dat de raad antwoorden krijgt die haar gelijk geeft. Psychologisch gezien is dat wel slim, maar poli tiek gezien is dat erg frustrerend. Haar fractie kan instemmen met de beslispunten I tot en met IV. Zij kan niet instemmen met het uitgangspunt dat de gemeentelijke belastingen met 2 worden verhoogd. Zij vindt dat met name de OZB niet verhoogd moet wor den. De hear Van den Berg seit dat de maitiidsnota in wichtich ynstru- mint is by it opstellen fan de begrutting. Mar dat net allinne. De nota biedt ek in ynsjoch yn it rekkenrisseltaat fan 1996, der is ynsjoch yn it ferrin fan de begrutting 1997 en dêrneist wurde der linen ütset nei de begrutting foar 1998. De maitiidsnota is by útstek in stjoeringsynstrumintYn dat ljocht besjoen soe it better wêze wiidweidiger oer de maitiidsnota te praten omt dat de ried de romte jout yngeand en polityk in kar meitsje te kin nen. It soe moai wêze dat dat barre kin yn 1998. Ut de mai tiidsnota docht bliken dat de rinnende begrutting in tekoart fertoand. It is goed dat it kolleezje ütstelt de rûzingen oan te passen. Der steane in protte saken op it ferlanglistke, mar oer in grut tal kin noch gjin dúdlikheid jün wurde. Hy wachtet de útstellen fan it kolleezje ôf. Dúdik is wol dat der in kar makke wurde moat. Hy is bliid dat it kommunikaasjeplan no echt kommen- dewei is. Syn fraksje kin ynstimme mei de beslispunten I oante- mei IV. By V hat hy twa kanttekens. Hy freget him óf yn hoefiere by it net ferheegjen fan de subsydzjes it priisyndekssifer in rol spylje moat. Yn it stribjen nei it ferleegjen fan de lêste- druk kin hy him fine. De hear Van der Baan hat inkelde fragen. Hy freget wat it kol leezje mei de 250 miljoen bystân docht. Dan komt der ek 2 oant 3 miljoen foar de lesteferlichting. Hoe wol it kolleezje dat fer- wurkje. Syn fraksje wol graach dat de ferfiersfergoeding foar swier handikapten op it nivo fan 1992 werombrocht wurdt, sa as ek it Wvg-platfoarm dat frege hat. Foar de sport wol it kol leezje in hiersferheging fan 100%. Hy set grutte fraachtekens by de helberheid. Hy hopet dat der romte socht wurdt foar it jeugd- en jongerenwurk. Hy hat soarch oer de Eeltje Halbertsma Skoalle. Der is gjin boarters- en gymnastyk lokaal mear. Hoe komt it dêrmei? Foar de Burd is yndertiid tasein dat der in swimplak foar de eigen ynwenners komme soe. Dat is noch net realisearre. Graach omtinken dêrfoar. De brêgetiiden yn Boarnsterhim sille ófwike fan dy fan de Marrekrite. Hoe sit dat krekt? Hy is besoar- ge oer it iepenbier grien. Fral freget hy omtinken foar it om- seagjen fan beammen dy't skeef steane. Der binne ek wol oare manieren om wat oan skeefgroeide beammen te dwaan. Hy freget ekstra omtinken foar de rioeloerstoart yn de útfiering fan de riolearingsplannen. Hoe wol it kolleezje de âlde wiken leefber hâlde? Yn de romtlike oardening binne de prosedueres hiel úndúd- lik. Hy wol der graach ferbettering yn. Syn fraksje fynt it bou- en wentetafersjoch ûnfoldwaande. It belied moat ferskerpe wurde. Hy is fan betinken dat de gemeente de boat mist as net meidien wurdt mei it eksperimint fan Van Elswijk. Sa wurdt de kans op ekstra banen, dy't de gemeente gjin sint kostje sille, misrün. Syn fraksje fynt dat yn it totale belied it Frysk weibliuwt as kultuerguod. Hy soe graach wolle dat it kolleezje mear syn frys- N0T24060/H/BROUVERJ10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 13