- 11 - ke karakter toant.lt swimbad moat bliuwe, sa fynt syn fraks je. It soe skandalich wêze as Boarnsterhim it net foarelkoar krijt mar ien swimbad iepen te hâlden. De hear Postma seit dat syn fraksje him oanslút by de ynliedende opmerkingen fan de fraksje fan de P.v.d.A.. Ek is hy it iens mei mefrou Aukes dat der yn it tredde fearnsjier noch in protte dingen dúdlik wurde moatte. Mei de beslispunt I en III kin syn fraksje ynstimme. By punt II wurdt útsteld in nije bestimmingsre- serve te meitsjen.In jier lyn is konkludearre dat de reserves en foarsjennings sanearre wurde moasten. No wurdt der wer ien bymak- ke. Hy freget oft dy f 200.000,00 net opfongen wurde kinne út de buffer binnen de algemiene reserve. By punt IV makket hy de kanttekening dat de finansjele konsekwinsjes fan it opheegjen fan dizze noarm sichtber makke wurde moatte by it sosjale be- lied. Mei it léste punt giet hy op haadlinen akkoartHy soe it in goede stap fine om te kommen ta in werorientaasje fan it gemeentlike subsydzje- en finansieringsbelied nei tredden ta. It moat folie mear ta op in systeem fan priis-prestaasjeferhâlding en dêrby moat merkkonfoarm operearre wurde. Der is al tasein dat yn 1998 tariedings plakfine sille foar in personielsüntwikke- lingsbelied. De ferheging fan de belestings wol hy foarearst wol hantearje. In definityf stanpunt bepaalt hy by de begrut- tingsbehanneling De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der takom jier mear tiid ynromme wurde moat foar de maitiidsnotaHy fynt dat it kolleezje echt mear omtinken jaan moat oan de âlderein. It docht bliken dat in protte âlderen út ús gemeente weigeane. Dat is gjin goede ûntwikkelingHy kin ynstimme mei de beslispun ten I oantemei IV. By V makket hy itselde foarbehâld as de frak sje fan Gemeentebelangen. Hy tinkt dat der hyltiten sekuerder begrutte wurde kin en dat de marzjes foar ferhegingen dèrtroch ek hyltiten lytser wurde kinne. De foarsitter betanket de ried foar de positive reaksjes op de maitiidsnota. It kolleezje kin ynstimme mei de line dy't de ried foarstiet foar de behanneling fan de maitiidsnota. Yn 1998 sille by de maitiidsnota de algemiene skôgings hélden wurde. Yn it gearkomsteskema sil dér rekken mei halden wurde. De hear Roorda leit in tal aksinten. In grut tal is it kolleezje it mei iens en op in tal binne al tasizzings dien. Op it punt fan de belestings is it dúdlik dat it kolleezje besykje wol in sa weromhâldend mooglik belied te fieren. De CBS-yndekssifers binne gjin útgongspunt foar in automatyske ferheging mei 2 fan de belestings. Dy tasizzing is dan ek in kanttekening by de útgongspunten foar it gearstallen fan de begrutting 1998. De ried sil in kar meitsje moatte. Der kin net oan ien kant nij belied makke wurde en oan de oare kant minder opbringsten wêze troch legere belestingen. Dat is in paradoksale sitewaasje. It kommunikaasjeplan komt noch dit jier. Oft de subsydzjes ek oan it priisyndekssifer keppele wurde moatte sil besjoen wurde. It swimplak op de Burd is tasein en sil der dan ek komme moatte. Op de opmerking fan de hear Van der Baan oer it iepenbier grien sil weromkommen wurde. De rioeloerstoarten sille in hege prioriteit yn it rioleraringsplan hawwe. N0T2 40 60H/BR0UVERJ11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 14