- 4 - 5Voorstel tot vaststelling van het jaarverslag 1996. De hear Veldstra seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei it jierferslach. It is in goed lêsber en oersichtlik stik. De ge meente is goed op streek mei de finansjele húshâlding, it BBI, it ûnderhâld oan de doarpen en it weromrinnend syktefersom. Hy freget omtinken foar de brieven en omtinken foar de tiid fan ôfhanneling. Hy hat wol soarch oer de relaas je mei de boargers Der komme hyltiten mear beswierskriften. In soarchfâldige prose- duere is dan ek fan it heechste belang. Ek soarch oer te taname fan it óffalIt is wol wichtich oft de minsken dy't óffal brin- ge op de gemeentewerf wol út Boarnsterhim komme. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige wiis is mei it jierferslach. De sosjale paragraaf is in goede saak. Gelokkich rint it syktefersom aardich werom. Hy hopet dat dy line him trochset. De hear Postma seit dat syn fraksje fan miening is dat it jier ferslach in wichtige ferbettering is yn de ynformaasjefoarsjen ning. It jierferslach is net in ynformaasjepunt foar it winske belied mar heart in ferantwurding fan it fierde belied it be- liedsterrein, de realisearre doelstellingen en oft de ynsette middels foldwaande west hawwe, te wêzen. It jierferslach sjit op in tal punten noch tekoart. Follemear antisipearret it jierfer slach op 1997 en dêrnei. Sa liket it jierferslach mear op in begrutting. Der moat ek oanjûn wurde op hokfoar beliedsterreinen der noch knyppunten binne. Dat de reserves op in ferantwurde nivo brocht binne is moai. Dat soe betsjute kinne dat de oerskot- ten ynsetten wurde kinne foar addisjoniel, nij belied as leste- ferlichting foar de boargers. As dy ynterpretaasje kloppet soe hy dat graach hearre. Hy hat wurdearring foar it sosjaal fer- slach. Hy hopet dat der takom jier mear ynhâldlik diskusjearre wurde kin. De hear Van der Baan seit dat hy dit jierferslach as in pro- bearsel sjocht. Yn de ynformaasje dy't yn it jierferslach jûn wurdt heart ek in krityske noat net te ûntbrekken. It moat noch folie mear in objektyf ferslach wurde. De ferbetterpunten sille helderder yn oanjün wurde moatte. De hear Van den Berg konstatearret dat it jierferslach in wearde- folle ferbettering is. It is in goed lêsber stik wurden. Mar it kin fansels altiten noch better. Hy betanket it kolleezje foar is sosjaal jierferslach. Yn de takomst sil dat ferslach útboud wurde moatte mei ferslagen oer G.0. en O.R. Hy jout de amtlike organisaasje in komplimint foar dit risseltaat. De foarsitter betanket de ried út namme fan it kolleezje en it amtlik apparaat foar de wurdearjende wurden. Dit jierferslach is, sa koart nei it yn gong setten fan it organisaasjeûntwikke- lingstrajektin bysûndere prestaasje. Noch lang net eltse ge meente hat in jierferslach. Mei de organisaasje wurde ófspraken makke oer de skriftlike kommunikaasje mei de boargers. Der komt noch in notysje oer de kommunikaasje. Dêryn sil der in aksint lizze yn de relaasje fan it gemeentebestjoer mei de pleatslike belangen. It measte óffal dat brocht wurdt komt fan de eigen ynwenners. It kolleezje wol noch in fierdere keppeling mei de begrutting. Gjin befêstiging oangeande de opmerking fan de hear Postma oer de reserves. N0T24060/H/BROUWERJA

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 7