- 4 -
5Voorstel tot vaststelling van het jaarverslag 1996.
De hear Veldstra seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei it
jierferslach. It is in goed lêsber en oersichtlik stik. De ge
meente is goed op streek mei de finansjele húshâlding, it BBI,
it ûnderhâld oan de doarpen en it weromrinnend syktefersom. Hy
freget omtinken foar de brieven en omtinken foar de tiid fan
ôfhanneling. Hy hat wol soarch oer de relaas je mei de boargers
Der komme hyltiten mear beswierskriften. In soarchfâldige prose-
duere is dan ek fan it heechste belang. Ek soarch oer te taname
fan it óffalIt is wol wichtich oft de minsken dy't óffal brin-
ge op de gemeentewerf wol út Boarnsterhim komme.
De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige wiis is mei it
jierferslach. De sosjale paragraaf is in goede saak. Gelokkich
rint it syktefersom aardich werom. Hy hopet dat dy line him
trochset.
De hear Postma seit dat syn fraksje fan miening is dat it jier
ferslach in wichtige ferbettering is yn de ynformaasjefoarsjen
ning. It jierferslach is net in ynformaasjepunt foar it winske
belied mar heart in ferantwurding fan it fierde belied it be-
liedsterrein, de realisearre doelstellingen en oft de ynsette
middels foldwaande west hawwe, te wêzen. It jierferslach sjit op
in tal punten noch tekoart. Follemear antisipearret it jierfer
slach op 1997 en dêrnei. Sa liket it jierferslach mear op in
begrutting. Der moat ek oanjûn wurde op hokfoar beliedsterreinen
der noch knyppunten binne. Dat de reserves op in ferantwurde
nivo brocht binne is moai. Dat soe betsjute kinne dat de oerskot-
ten ynsetten wurde kinne foar addisjoniel, nij belied as leste-
ferlichting foar de boargers. As dy ynterpretaasje kloppet soe
hy dat graach hearre. Hy hat wurdearring foar it sosjaal fer-
slach. Hy hopet dat der takom jier mear ynhâldlik diskusjearre
wurde kin.
De hear Van der Baan seit dat hy dit jierferslach as in pro-
bearsel sjocht. Yn de ynformaasje dy't yn it jierferslach jûn
wurdt heart ek in krityske noat net te ûntbrekken. It moat noch
folie mear in objektyf ferslach wurde. De ferbetterpunten sille
helderder yn oanjün wurde moatte.
De hear Van den Berg konstatearret dat it jierferslach in wearde-
folle ferbettering is. It is in goed lêsber stik wurden. Mar it
kin fansels altiten noch better. Hy betanket it kolleezje foar
is sosjaal jierferslach. Yn de takomst sil dat ferslach útboud
wurde moatte mei ferslagen oer G.0. en O.R. Hy jout de amtlike
organisaasje in komplimint foar dit risseltaat.
De foarsitter betanket de ried út namme fan it kolleezje en it
amtlik apparaat foar de wurdearjende wurden. Dit jierferslach
is, sa koart nei it yn gong setten fan it organisaasjeûntwikke-
lingstrajektin bysûndere prestaasje. Noch lang net eltse ge
meente hat in jierferslach. Mei de organisaasje wurde ófspraken
makke oer de skriftlike kommunikaasje mei de boargers. Der komt
noch in notysje oer de kommunikaasje. Dêryn sil der in aksint
lizze yn de relaasje fan it gemeentebestjoer mei de pleatslike
belangen. It measte óffal dat brocht wurdt komt fan de eigen
ynwenners. It kolleezje wol noch in fierdere keppeling mei de
begrutting. Gjin befêstiging oangeande de opmerking fan de hear
Postma oer de reserves.
N0T24060/H/BROUWERJA