- 5 - De ried hat de beakens delsetten fan soberheid en sparsumheid. Dat docht no fertuten en dat makket dat der de kommende jierren nij belied üntwikkele wurde kin. Hy fynt it wurd "probearsel" wol hiel meager, fral yn de rjochting fan de amtlike organisaas- je. De ferbetterpunten moatte delskreaun wurde en better útwurke. Elts jier kin der in stap setten wurde yn de rjochting fan in better jierferslachDer sil besocht wurde ek in jierfer- slach fan de O.R. mei te nimmen. De hear Van der Baan seit dat hy mei "probearsel" bedoelde dat dit jierferslach noch gjin einprodukt is. It wie net negatyf bedoeld. Yn it jierferslach stiet dat it restant nei de algemie- ne reserve giet. Wurdt dêr no ta besluten as by it folgjende punt? De hear Postma seit dat hy deselde fraach hat. Hy wol weromkomme op de opmerking yn it jerferslach dat de reserves op in ferant- wurde nivo binne. Hy konstatearret dat de algemiene reserve neffens bepaalde noarmen op in ferantwurde nivo brocht wurde moast. Swart-wyt riddenearre is it sa dat op it momint dat jo dy noarm helle hawwe jo der dan ek binne. Mar wy hawwe noch in protte plannen en dêr moatte jilden foar frijmakke wurde. Wurde dy jilden frijmakke út de reguliere eksploitaasje wei as wurdt der dan in greep út de kas dien? Dat léste is hy net foar. De foarsitter seit dat de besluten oer de finânsjes aanst nommen wurde sille. Hy is it mei de hear Postma iens dat grepen út de kas wei tefoaren kommen wurde moatte. De reguliere eksploitaasje heart brûkt te wurden om doelen te berikken. Dat freget noch in pear stappen. As der yn de eksploitaasje finansjele romte is sil dy romte ek brûkt uwrde moatte om it jild nei dy plannen te bringen dy't de ried wol. Dat sil ynsichtlik makke wurde moatte yn ynformaasje nei de ried. Der sil besocht wurde dat de kommen- de tiid te realisearjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 6Voorstel tot vaststelling van de jaarrekening 1996. De hear Veldstra wol him beheine ta inkelde saken. Foar de bysûndere bystân is f 62.000,00 minder útjûn wylst der doch in grutte need op guon plakken is. Hy trunet oan op in goede foar- ljochting omt foar in protte minsken der psychologysk noch in hege drompel leit. Ek yn it Wvg-belied bliuwt in protte jild oer. Hy fynt dat it oerbleaune jild wer yn de bestimmingsreserve stoarten wurde moat sadat der letter noch gebrük fan makke wurde kin. No giet dat jild nei de algemiene reserve. De ferwachting is dat der yn1e takomst in tekoart üntstiet en dan moat de reser ve oansprutsen wurde. It hat dan gjin pas de regels te fersober- jen. It hat ek gjin doel de reserves hiel heech oprinne te lit- ten. De sobere regels kinne eins net fêsthâlden wurde. N0T2406/0/H/BR0UVERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 8